Tsjaadmar: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 56 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q125309
kt
Rigel 11: Rigel 11:
{{Koördinaten|13_4_26_N_14_19_14_E_type:waterbody_zoom:8_region:TD|13° 4' NB, 14° 19' EL}}
{{Koördinaten|13_4_26_N_14_19_14_E_type:waterbody_zoom:8_region:TD|13° 4' NB, 14° 19' EL}}


[[Kategory:Tsjaad]]
[[Kategory:Geografy fan Tsjaad]]
[[Kategory:Geografy fan Niger]]
[[Kategory:Geografy fan Nigearia]]
[[Kategory:Geografy fan Kameroen]]
[[Kategory:Wetter yn Afrika]]
[[Kategory:Wetter yn Afrika]]

De ferzje fan 23 okt 2016 om 11.30

De feroaring fan oerflak fan de Tsjaadmar fan 1973 oant 2001 (boarne: NASA)

De Tsjaadmar is de op ien nei grutste mar yn Afrika, de Fiktoriamar is de grutste swietwettermar yn Afrika.

De mar is fan hiel grut belang foar de om-ende-by 20 miljoen minsken dy't der omhinne wenje yn de lannen Tsjaad, Kameroen, Niger en Nigearia. Yn de mar lizze in pear eilantsjes en sânbanken en de ouwers bestien fral út sompen. De wichtichste leveransiers foar wetter binne de rivieren de Sjary en de Logone. De Tsjaadmar is in sletten mar, sûnder ôfrin nei see. Dat de mar dochs min of mear swiet bleaun is, komt troch de delslach fan it sâlt op de boaiem en trochdat sprake is fan perkolaasje of ynfiltraasje nei it grûnwetter. Skattingen oer dit wetterferlies rinne útien fan 6 oant 20% fan de totale jierlikse oanfier fan wetter.

Yn de sechstiger jierren hie de mar in oerflak fan mear as 26.000 km². Tsjin it jier 2000 wie it oerflak tebek rûn oant 1.500 km². De reden hjirfoar is twaresom. Yn de rin fan de jierren is der hieltyd minder rein fallen yn it streamgebiet fan de mar, en hieltyd mear wetter wurdt ûntlutsen oan de mar en de rivieren foar irrigaasje. Trochdat de mar tige ûndjip is - ûngefear 7 meter op syn djipste punt - is er tige gefoelich foar lytse feroarings yn de wetterstân.

Nei skatting wie de Tsjaadmar sa'n 6000 jier lyn sawat sa grut as de Kaspyske See yn distiid.