Telefoan: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
plaatsje
kopke Fryslân earst mar
Rigel 1: Rigel 1:
[[File:Ericsson bakelittelefon 1931.jpg|thumb|Ericsson syn earste tillefoan fan [[bakelyt]] (1931)]]
[[File:Ericsson bakelittelefon 1931.jpg|thumb|Ericsson syn earste tillefoan fan [[bakelyt]] (1931)]]

== Skiednis yn Fryslân ==
Foar de '''tillefoan''' falle de grinzen fan it distrikt Ljouwert gear mei dy fan de provinsje Fryslân. Konsesjes foar in pleatslik net waarden yn [[1882]] oanfrege troch de Nederlânske Bell Maatskippij en yn [[1883]] ferliend oan de firma Ribbink van Bork yn Amsterdam foar 15 jier, yn 1900 waard it ferlinge.

De ferzje fan 22 okt 2016 om 21.45

Ericsson syn earste tillefoan fan bakelyt (1931)

Skiednis yn Fryslân

Foar de tillefoan falle de grinzen fan it distrikt Ljouwert gear mei dy fan de provinsje Fryslân. Konsesjes foar in pleatslik net waarden yn 1882 oanfrege troch de Nederlânske Bell Maatskippij en yn 1883 ferliend oan de firma Ribbink van Bork yn Amsterdam foar 15 jier, yn 1900 waard it ferlinge.

De sintraalpost siet yn de begjinjierren op de souder fan de haadwacht, 1900 yn Tillefoanburo Iewâl 55. Doe kaam oansluting op it ynterlokale net, wêrtrocht it tal abonnees hurd oprûn ( 1885:90, 1899:169, 1900:206 en 1910:645 ). It earste kantoar yn it ressort Ljouwert wie Berltsum (1907) en rillegau dêrnei folge Gytsjerk-Oentsjerk. It Ljouwerter net is ( mei dat fan 9 oare Nederlânske plakken) op 1 jannewaris 1919 oernomd troch it Ryk. Yn 1930 folge automatisearring mei de sintraalpost yn it Post- en Tillegraafkantoar op Twibaksmerk 25, de distriktsadministraasje siet op nûmer 27.

De measte lokale netten yn Fryslân binnne sûnttiids automatisearre. Ein 1957 kaam de administraasje yn gebou Twibaksmerk, hoeke Droevendal (arsjitekt P.de vries). Der wienen yn 1956 30.400 oanslutings, wêrfan 7150 op it lokale net Ljouwert. Yn dat jier waarden 20.500.000 lokale en 12.500.000 ynterlokale gesprekken fierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: