Absalom: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 9: Rigel 9:


== Absalom rebelearret ==
== Absalom rebelearret ==
Absalom brûkt syn tiid yn Jeruzalim om yn de geunst te kommen by it folk om David skielk fan de troan te stjitten. Sa hâld Absalom minsken oan dy't ûnderweis nei de kening binne om rjochtspraak. Absalom warskôget harren dan dat der by de kening net ien is dy't nei harren klachten harkje sil en hâldt harren foar hoe goed hy it wol net dwaan soe as rjochter fan it lân. Nei't Absalom him fersekere hie fan genôch stipe ûnder de Israeliten, gyng Absalom nei Hebron om fan dêr út de opstân te organisearjen. As it ôfsprutsen sein jûn wurdt ta de opstân, wurdt David twongen om Jeruzalim te ferlitten. Hy lit de Arkyt Chûsai bliuwe om as spion yn Absalom's kringen te ynfiltrearjen. [[Achitofel]], ien van David's advizeurs dy't oerrûn wie nei Absalom, moedige Absalom oan om David noch tidens syn flecht oan te fallen, mar Chûsai wist Absalom der fan te oertsjûgjen om mear tiid te nimmen foar it formearjen fan in grutter leger. Dit joech David de tiid om syn troepen ta te rieden foar de kommende striid mei Absalom.
Absalom brûkt syn tiid yn Jeruzalim om yn de geunst te kommen by it folk om David skielk fan de troan te stjitten. Sa hâld Absalom minsken oan dy't ûnderweis nei de kening binne om rjochtspraak. Absalom warskôget harren dan dat der by de kening net ien is dy't nei harren klachten harkje sil en hâldt harren foar hoe goed hy it wol net dwaan soe as rjochter fan it lân. Nei't Absalom him fersekere hie fan genôch stipe ûnder de Israeliten, gyng Absalom nei Hebron om fan dêr út de opstân te organisearjen. As it ôfsprutsen sein jûn wurdt ta de opstân, wurdt David twongen om Jeruzalim te ferlitten. Hy lit de Arkyt Chûsai bliuwe om as spion yn Absalom's kringen te ynfiltrearjen. [[Achitofel]], ien fan David's advizeurs dy't oerrûn wie nei Absalom, moedige Absalom oan om David noch tidens syn flecht oan te fallen, mar Chûsai wist Absalom der fan te oertsjûgjen om mear tiid te nimmen foar it formearjen fan in grutter leger. Dit joech David de tiid om syn troepen ta te rieden foar de kommende striid mei Absalom.


== De dea fan Absalom ==
== De dea fan Absalom ==

De ferzje fan 24 aug 2016 om 15.51

Absalom bliuwt mei syn hier yn de tûken fan in beam hingjen

Absalom (Hebriuwsk: אַבְשָלוֹם) wie neffens it Alde Testamint de tredde soan fan kening David.

Absalom waard berne yn Hebron. Syn mem wie Maäka, de dochter fan kening Talmai fan Gesjûr. Yn it hiele Israël wie der neffens de Skrift gjin man sa knap as Absalom. Absalom sels hie ek in tige kreaze frou, mei wa't er neffens 2 Samuël 14:27 trije soannen hie en ien dochter, dy't krekt as syn suster Tamar hiet. Yn 2 Samuël 18:18 is te lêzen dat Absalom by syn libben in tinkstien foar himsels oprjochte, om't hy gjin soan hie om syn namme te herinnerjen. Hjirút kin opmakke wurde dat de soannen fan Absalom al op jonge leeftyd stoarn binne.

De bruorremoard

Absalom en syn skeinde suster Tamar

Om't Absalom's healbroer Amnon syn folle suster Tamar tenei kaam en ferkrachte hie, nimt Absalon twa jier letter wraak. Absalom noeget Amnon mei oare soannen fan David út op in feest en lit him, sadree't Absalom fleurich is fan de wyn, deadzje. Nei de bruorremoard flechtet Absalom nei syn pake Talmai, de kening fan Gesjûr. It duorre trije jier ear't de legeroanfierder Joäb David beprate koe om Absalom's weromkommen ta te stean. David stelde dêrby as betingst, dat Absalom nei syn eigen hûs gean moast en him net ûnder eagen komme mocht. It duorre doe nochris twa jier ear't David Absalom wer ûntfange woe.

Absalom rebelearret

Absalom brûkt syn tiid yn Jeruzalim om yn de geunst te kommen by it folk om David skielk fan de troan te stjitten. Sa hâld Absalom minsken oan dy't ûnderweis nei de kening binne om rjochtspraak. Absalom warskôget harren dan dat der by de kening net ien is dy't nei harren klachten harkje sil en hâldt harren foar hoe goed hy it wol net dwaan soe as rjochter fan it lân. Nei't Absalom him fersekere hie fan genôch stipe ûnder de Israeliten, gyng Absalom nei Hebron om fan dêr út de opstân te organisearjen. As it ôfsprutsen sein jûn wurdt ta de opstân, wurdt David twongen om Jeruzalim te ferlitten. Hy lit de Arkyt Chûsai bliuwe om as spion yn Absalom's kringen te ynfiltrearjen. Achitofel, ien fan David's advizeurs dy't oerrûn wie nei Absalom, moedige Absalom oan om David noch tidens syn flecht oan te fallen, mar Chûsai wist Absalom der fan te oertsjûgjen om mear tiid te nimmen foar it formearjen fan in grutter leger. Dit joech David de tiid om syn troepen ta te rieden foar de kommende striid mei Absalom.

De dea fan Absalom

Yn de tichte bosken fan Efraïm kamen de legers fan David en Absalom foar inoar oer te stean. De slach ferrûn yn it foardiel fan David en it leger fan Absalom waard ynmakke. Absalom besocht op in ezel fuort te kommen, mar de lange hieren fan Absalom bleaune oan de tûke fan in beam hingjen wylst syn ezel trochdraafde. Machteleas hong Absalom dêr en al gau wiene de mannen fan David dêr ek. En alhoewol't David út noch ien net woe dat Absalom grut kwea oandien waard, skeat Joäb Absalom trije pylken troch it hert.

It berjocht dat Absalom it net oerlibbe hie dompele David yn djippe rou. Fûleindich skriemde de kening "Myn soan Absalom, myn soan, myn soan Absalom, wie it mar sa dat ik yn dyn plak stoarn wie".

Boarne

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Absalom fan Wikimedia Commons.