Búk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Lokkich wurde boarsten net beskerme troch in bonkekoai!
No edit summary
Rigel 2: Rigel 2:
De '''búk''' of '''bûk''', by [[bist]]en yn 'e regel '''bealch''' neamd ([[Latyn]]: ''abdomen''), is by [[rêchstringdieren]] (wêrûnder de [[minske]]) in holte (de búkholte), wêryn't in stikmannich [[orgaan (lichemsdiel)|organen]] lizze dy't benammentlik de [[spiisfertarring]], de dêrmei mank geande ôffier fan ôffalstoffen en fierders de [[fuortplanting]] beävensearje.

Fan organen dy't har yn 'e búkholte befine, lykas de [[mage]], de [[lever (orgaan)|lever]], de [[milt]] en it grutste part fan 'e [[term (orgaan)|term]]s, seit men yn it medysk jargon dat se [[yntraperitoneaal]] lizze, nei it [[búkflues]] of ''peritoneum'', dat de búkholte oan 'e binnenkant en de búkorganen oan 'e bûtenkant bedekt. Organen dy't net yn 'e eigentlike búkholte lizze mar dertsjinoan, lykas de [[nier]]en en de [[alfleisklier]], wurde [[ekstraperitoneaal]] neamd (en binne almeast [[retroperitoneaal]]). In orgaan as de [[limoer]] is in bytsje in grinsgefal.
Fan organen dy't har yn 'e búkholte befine, lykas de [[mage]], de [[lever (orgaan)|lever]], de [[milt]] en it grutste part fan 'e [[term (orgaan)|term]]s (útsein it [[duodenum]]), seit men yn it medysk jargon dat se [[yntraperitoneaal]] lizze, nei it [[búkflues]] of ''peritoneum'', dat de búkholte oan 'e binnenkant en de búkorganen oan 'e bûtenkant bedekt. Organen dy't net yn 'e eigentlike búkholte lizze mar dertsjinoan, lykas de [[nier]]en en de [[alfleisklier]], wurde [[ekstraperitoneaal]] neamd (en binne almeast [[retroperitoneaal]]). In orgaan as de [[limoer]] is in bytsje in grinsgefal.

De búkholte is fan 'e [[boarstholte]], dêr't it [[hert]] en de [[long]]en lizze, ôfskaat troch it [[mulruft]] of middelruft ([[Nederlânsk]]: ''middenrif''; [[Latyn]]: ''diafragma''). Dat is in [[spier]] mei de foarm fan in tinne koepelfoarmige plaat, dy't by gearlûking de boarstholte fergruttet yn it neidiel fan 'e búkholte, sadat de longen har folsûge kinne mei lucht. Om't it yngewant fan 'e búkholte mar kwealk fierder gear te drukken falt, puollet troch de wurking fan it mulruft de [[búkwand]] nei bûten ta út.

De ferzje fan 20 aug 2016 om 21.29

In anatomysk ôfbyld fan 'e minsklike búk.

De búk of bûk, by bisten yn 'e regel bealch neamd (Latyn: abdomen), is by rêchstringdieren (wêrûnder de minske) in holte (de búkholte), wêryn't in stikmannich organen lizze dy't benammentlik de spiisfertarring, de dêrmei mank geande ôffier fan ôffalstoffen en fierders de fuortplanting beävensearje.

Fan organen dy't har yn 'e búkholte befine, lykas de mage, de lever, de milt en it grutste part fan 'e terms (útsein it duodenum), seit men yn it medysk jargon dat se yntraperitoneaal lizze, nei it búkflues of peritoneum, dat de búkholte oan 'e binnenkant en de búkorganen oan 'e bûtenkant bedekt. Organen dy't net yn 'e eigentlike búkholte lizze mar dertsjinoan, lykas de nieren en de alfleisklier, wurde ekstraperitoneaal neamd (en binne almeast retroperitoneaal). In orgaan as de limoer is in bytsje in grinsgefal.

De búkholte is fan 'e boarstholte, dêr't it hert en de longen lizze, ôfskaat troch it mulruft of middelruft (Nederlânsk: middenrif; Latyn: diafragma). Dat is in spier mei de foarm fan in tinne koepelfoarmige plaat, dy't by gearlûking de boarstholte fergruttet yn it neidiel fan 'e búkholte, sadat de longen har folsûge kinne mei lucht. Om't it yngewant fan 'e búkholte mar kwealk fierder gear te drukken falt, puollet troch de wurking fan it mulruft de búkwand nei bûten ta út.

Oan 'e bûtenkant is de búk oerdutsen mei hûd, en yn 'e midden befynt him de nâle. By bisten is de búk yn 'e regel behierre; by de minske is dat by manlju meastal yn beheinde mjitte ek sa, wylst by froulju de búk ornaris keal is. By manlju bestiet de behierring meastal út in net al te tichte streek hier tusken de nâle en de geslachtsdielen. De búk is, fral by minsken, dy't rjochtop rinne en dus net de búk mei de rest fan it lichem beskermje kinne, in kwetsber lichemsdiel. De búk wurdt net beskerme troch in koai fan bonken (ribbekast), en dêrom sprekt men yn it Frysk ek wol fan it weak fan 't liif.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.