Ferskil tusken ferzjes fan "Filmstudio"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
15 bytes grutter ,  4 jier lyn
L
red
(nije side)
 
L (red)
De earste filmstudio waard yn [[1893]] yn 'e [[Feriene Steaten]] boud troch [[útfiner]] [[Thomas Edison]], yn [[West Orange (Nij-Jersey)|West Orange]], yn 'e steat [[Nij-Jersey]]. Oan it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] fêstigen har in protte Amerikaanske filmstudio's yn [[Los Angeles]]. Hoewol't [[elektrisiteit|elektryske]] [[beljochting]] doe al bestie, wie dy net goed genôch om ynset te wurden foar it opnimmen fan films; dêrom giene de filmproduksjemaatskippijen nei in krite dêr't it jier rûn in protte [[sinne]]skyn wie, yn súdlik [[Kalifornje]]. Meitiid waard út dy omstannichheid de [[film]]yndustry fan [[Hollywood]] berne, dy't oant hjoed de dei ta liedend is foar de filmproduksje yn 'e hiele wrâld.
 
Oarspronklik wiene der acht filmstudio's dy't yn Hollywood de tsjinst útmakken. Dat wiene de Grutte 5: [[20th Century Fox]], [[RKO Pictures]], [[Paramount Pictures]], [[Warner Bros.]] en [[Metro-Goldwyn-Mayer]] (MGM). Dizze fiif studio's kamen bekend te stean as "it [[studiostelsel]]". Dêropta wiene der de Lytse 3: [[Columbia Pictures]], [[United Artists]] en [[Universal Pictures]]. United Artists koe trouwens de titel fan 'grutte' filmstudio faak mar kwealk behâlde, en operearre yn haadsaak as stiper en distributeur fan films dy't troch ûnôfhinklikenûnôfhinklike filmprodusinten makke wiene.
 
{{boarnen|boarnefernijing=

Navigaasjemenu