Ferskil tusken ferzjes fan "Julius Caesar"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
f.Kr./n.Kr.
(omstav.)
(f.Kr./n.Kr.)
[[Ofbyld:Bust_of_Gaius_Iulius_Caesar_in_Naples.jpg|200px|thumb|Julius Caesar]]
'''Gaius Julius Caesar''', (berne: [[Rome (stêd)|Rome]] 13 july 100 f.Kr. yn it stêdsdiel Subara yn [[Rome (stêd)|Rome]], stoarn: [[Rome (stêd)|Rome]] [[15 maart]] [[44 f. Kr.]]) wie in Roomsk militêr en steatsman dy't syn spoaren fertsjinne hat mei it stiftsjen fan it [[Romeinske Ryk]]. Ornaris wurdt er '''Julius Caesar''' neamd. Oare nammen binne Julius, Gaius Julius, Gaius Caesar en Divus Julius. Syn namme ferwiist werom nei it wurd keizer en de moanne july.
 
== Skiednis ==
Mei stipe fan de rike [[Marcus Licinius Crassus|Krassus]] en de súksesfolle militêr Gnaeus Pompeius Magnus ([[Pompejus]]) slagge it him yn 59 f.Kr. om yn it konsulaat te kommen. Hy slút in polityk ferbûn, it earste trijemanskip neamd, mei Pompejus en Krassus. Yn de neikommende jierren ferovere er as Prokonsul fan Súd-Galje de rest fan [[Galje]] oant de [[Ryn]] ta. Yn syn ekspedysje nei [[Brittanje]] (Ingelân) bleau it by wat flaggefertoan. Begjin [[49 f. Kr.|49]] troch de Senaat nei Rome oanbean, luts hy op 10 jannewaris sûnder foarôfgeande demobilisaasje oer de [[Rubikon]] (grinsrivier fan Gallia Cisalpina, dus fan syn militêr kommando), in ûnwettige died, dat in steatsgreep ynhâlde. Yn de Romeinske Boargerkriich (49–45 f.Kr.) dy't doe útbruts besette hy yn twa moannen tiid Itaalje. As konsul kaam hy yn 48 yn Epirus oan wâl en fersloech Pompejus by [[Pharsalus]] yn Tessaalje (dy't him fan it 'trijemanskip' distansjearre hie), en dy't letter as flechtling yn Egypte fermoarde waard. Caesar oermastere [[Aleksandrje]], mar rekke belutsen yn de troanstriid tusken [[Ptolemaeus XII]] en syn suster [[Kleopatra VII]]. Hy wurdt de beminde fan Kleopatra en makket har begjin 47 ta keningin (noch datselde jier wurdt harren soan [[Caesarion]] berne). Ûnderwilens yn Rome ta [[diktator]] beneamd, ferslaat hy yn in bliksumkriich (''veni, vidi, vici'') by Zela yn [[Lyts Aazje]] kening [[Farnases]] fan Pontus.
 
== Dea ==
As beleanning foar al syn oerwinnings ferkriget Caesar foar 10 jier it diktatorskip. Mar de Senaat koe it net rjocht lykfine mei dat diktatorskip en woe leaver de Romeinske Republyk werom ha. Op 15 maart 44 f. Kr. wurdt Julius Caesar troch goed 60 leden fan de Senaat deadien û.o. Brutus en Kassius. Nei de dea fan Julius Caesar wie de befolking fan Rome dûm omdat se harren lieder krekt ferearen. Nei in soad rebûlje yn it Romeinske Ryk waard Caesars neef en adoptearre soan [[Augustus Oktavianus]] yn 27 f. Kr. de earste [[Romeinske keizers|keizer fan it Romeinske Ryk]].
 
[[Kategory:Diktator]]
17.653

bewurkings

Navigaasjemenu