Ferskil tusken ferzjes fan "Howard Carter"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
f.Kr./n.Kr.
(omstav.)
(f.Kr./n.Kr.)
'''Howard Carter''' ([[Kensington (Londen)|Kensington]], [[9 maaie]] [[1874]] – [[Londen]], [[2 maart]] [[1939]]) wie fan [[1899]] ôf ynspekteur-generaal fan de monuminten fan Boppe-Egypte. Hy waard wrâldferneamd troch de ûntdekking fan it grêf fan [[Toetanchamon]], in farao út it âlde [[Egypte]].
 
Carter die in protte [[Archeologyske opgraving|opgraving]]s yn [[Egypte]], dêr't er mei úteinsette yn [[1891]] doe't er noch mar 17 jier wie. Hy wie doe dwaande mei de opgraving fan [[Beni Hassan]], de grêven fan de prinsen en prinsessen út it [[Middenryk (Egypte)|Middenryk]] (sa'n 2000 f. Kr.). Letter naam de egyptolooch professor [[Flinders Petrie|W.M. Flinders Petrie]] hoed en noed oer de jonge Carter.
 
Yn [[1899]] waard Carter in baan oanbean troch de Egyptyske Aldheidkundige tsjinst. Yn [[1905]] naam hy dêr ûntslach fanwege skeel.
17.653

bewurkings

Navigaasjemenu