Ferskil tusken ferzjes fan "Meidogger:Yn 'e Wâlden"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
gjin bewurkingsgearfetting
L (Tebek set ta de ferzje fan "62.194.174.203")
L
 
Om my foar te stellen soe ik my it bêste sa omskriuwe kinne. Ik bin in Frysktalige Nederlanner mei iepen each foar Europa. Lyk as in soad oare Friezen span ik my yn foar it Frysk. Tsien jier tebek bin ik stiper wurden fan de Fryske Beweging. Sa't út ús lytse pinnestriid bliken die, ken ik de bewegers-arguminten. Mar by eintsjebeslút kies ik foar de taalarguminten. Dat ik der dan fierder folút yngean is wol wer bewegerseftich, tinkt my.
 
Op dit stuit hâld ik my op útnoeging fan in wurkgroep dwaande mei it oersetten fan in tapassingsprogramma fan Windows. Sy hoopje dat it oan 'e ein fan 2004 oant yn 'e lytste doarpkes fan Fryslân lizze sil. Jimme sjogge ik mei ek graach krytogrammenkryptogrammen meitsje.
 
Eins by tafal set ik my yn foar it wurd "triem" foar it Ingelske "file". Eltsenien ken wol de sfear fan in gearkomste fan in doapsbelang, dêr't net de arguminten mar de grutste roppers en razers harren gelyk helje. Soks oerkaam my ferline jier, doe't ik mei "triem" [wy brûkten it al in pear jier] myn holle boppe it meanfjild útstuts. It wie frij skoppen fansels mar taalkundige arguminten ho mar. Dêrom haw ik besletten dat soks sa net wêze soe en fan dat momint ôf set ik my der foar yn. In beweger dy't foar in taalargumint giet is it aardich...

Navigaasjemenu