Aksjekomeedzje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
nije side
 
L Ieneach fan 'e Esk moved page Aksje-komeedzje to Aksjekomeedzje: better
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 jun 2016 om 16.18

In aksje-komeedzje is hybride filmsjenre wêryn't eleminten út 'e komeedzjefilm fermongen wurde mei eleminten út 'e aksjefilm ta in miks fan humoristyske foarfallen en oneliners en in spannende plot mei gefaarlike stunts. Dit sjenre belibbe syn heechtijdagen yn 'e 1980-er jierren yn Noard-Amearika, doe't komiken lykas as Eddie Murphy rollen begûnen te spyljen dy't mear thúshearden yn aksjefilms. Foarbylden fan aksje-komeedzjes binne 48 Hrs. (1982) en de Beverly Hill Cop-trilogy (1984, 1987 en 1994). Aksje-komeedzjes binne faak saneamde buddyfilms, wêryn't twa partners dy't eins net byinoar passe harren ûnderlinge problemen op sjen moatte te lossen om ôfweve te kinnen mei mienskiplike fijannen. Dat is bgl. it gefal yn 48 Hrs., mar ek yn Bad Boys (1995), Rush Hour (1998) en Starsky and Hutch (2004). Nau mei it sjenre fan 'e aksje-komeedzje besibbe, binne western-komeedzjes lykas Shanghai Noon (2000) en slapstick-fjochtsportfilms lykas in grut part fan it oeuvre fan Jackie Chan.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.