Piercing: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 55: Rigel 55:
|
|
*[[genitale piercing]]
*[[genitale piercing]]
**[[ampadravya]]
**[[ampallang]]
**[[ampallang]]
**[[apadravya]]
**[[Christina-piercing]]
**[[Christina-piercing]]
**[[dolfynpiercing]]
**[[dolfynpiercing]]

De ferzje fan 28 mai 2016 om 18.37

In jonge frou mei ferskate piercings.

In piercing (fan it Ingelske wurd dat "trochboarring" betsjut) is in foarm fan lichemsfersiering wêrby't in gatsje boarre wurdt yn in diel fan it minsklik lichem, sadat dêrtrochhinne in sieraad oanbrocht wurde kinne. De oantsjutting 'piercing' kin sawol ferwize nei it boarjen fan syn gatsje, as nei it eigentlike gatsje sels. It ferwiist lykwols yn prinsipe net nei it sieraad dat troch sa'n gatsje droegen wurdt (hoewol't it wurd yn it gewoane spraakgebrûk wolris sa brûkt wurdt). Hjoeddeistige piercingpraktiken beklamje it gebrûk fan steryl ark, mei't it oanbringen fan in piercing yn prinsipe lykslein wurde kin mei it meitsjen fan in wûne, en der dus in risiko op ynfeksje bestiet. Oare risiko's binne allergyske reäksjes en groedefoarming. De genêzingsperioade fan piercings rint útinoar fan in moanne foar guon genitale piercings oant soms wol twa jier foar in nâlpiercing.

Skiednis

Hoewol't de skiednis fan 'e piercing as ferskynsel ferdizene wurdt troch desynformaasje en in brekme oan wittenskiplike belangstelling, is it ûntsjinsisber wier dat de praktyk fan it meitsjen en hawwen fan piercings al sûnt oerâlde tiden by beide geslachten bestiet.

Sawol earpiercings as noaspiercings kamen en komme yn in grut tal kultueren foar. De âldste mummifisearre minsklike resten dy't ea ûntdutsen binne, droegen al earbellen, wêrmei't it ferskynsel earpiercing teminsten 5.000 jier tebek giet. De ierst dokumintearre noaspiercings datearje fan 3.500 lyn. Lippiercings en tongpiersings kamen histoarysk foar yn Afrika en by Yndiaanske folken yn Súd- en Midden-Amearika. Spienpiercings binne bekend út it Romeinske Ryk, wylst genitale piercings al omtrint it jier 320 yn Yndia foarkamen. De skiednis fan 'e nâlpiercing is lykwols tige dizenich.

Yn 'e Westerske kultuer hat it meitsjen fan piercings (fan fral de earen) ferskate op- en delgeande bewegings kend om't it dêr nau ferbûn is mei de moade. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch is de populariteit fan it dragen fan earbellen lykwols tanommen en fral foar froulju frij algemien wurden, wylst piercings fan oare dielen fan it lichem sûnt de 1970-er jierren yn subkultueren en fanôf de 1990-er jierren yn 'e haadkultuer yngong fûn hawwe.

Redens

Redens om in piercing te nimmen, beslane in grut ferskaat. Yn guon kultueren foarmje piercings in utering fan religy of spiritualiteit, wylst it yn 'e Westerske kultuer faak mei estetyske omtinkens te krijen hat. Oare redens kinne wêze: it útdrukken fan jins eigen identiteit, seksueel geniet, oanpassing oan in kultuer en ôfsetten tsjin in kultuer. Guon foarmen fan piercings, fral spienpiercings en genitale piercings, mar ek gesichtspiercings, kinne tige kontroversjeel wêze, benammen as se op jonge jierren al oanbrocht wurde. Der hawwe gefallen west dat it toanen of dragen fan sieraden troch piercings beheind of ferbean is troch skoallen, wurkjouwers en religieuze groepen.

In Gond-frou út Yndia, mei ear- en noaspiercings.

Soarten piercings

gesichtspiercings

lichemspiercings

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.