Johan Vegelin fan Claerbergen: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
No edit summary
No edit summary
Johan Vegelin fan Claerbergen (ek ''Vegilin van Claerbergen''), lid fan de famylje [[Vegelin van Claerbergen]], wie in soan fan [[Hessel Vegelin fan Claerbergen]] (1655-1715) en Anna Maria van Vierssen (1653-1696).
 
Johan hie niget oan it sels meitsjen fan [[Kaart (kartografy)|kaarten]] en krige ûnderrjocht fan [[Willem Loré]]. 1713 tekene er in kaart fan [[Herema State]]. Hy liet in grutte wandkaart meitsje fan de prvinsjeprovinsje Fryslân. Dy Vegelinkaart wie 1739 klear. De kaarten fan de [[gritenij]]en Doanjawerstâl en [[Haskerlân]] jouwe in sekuer byld fan de stewaasje yn de earste helte 18e iuw.<ref>[[Tresoar]], Letterhoeke, 2007, nr.2, s. 12-14 [http://images.tresoar.nl/download/letterhoeke7.pdf De kaarten van Vegelin van Claerbergen]</ref> Hy skreau ''Een dagverhaal van Jhr. Johan Vegelin van Claerbergen: omtrent de troubelen van het jaar [[1748]]''. It waard yn [[1899]] útjûn troch G.H. van Borssum Waalkes. Vegelin van Claerbergen wie anneks mei ynpolderingen by Langwar en de Koudumer Slieperdyk. Hy fersette him tsjin it ferkeard útfeantsjen fan stikken lân.
 
Yn syn testamint joech er oan dat syn grutte grûnbesit, en dêrtroch syn politike macht, net yn ien hân komme mocht. Dat nei syn fertsjerren yn 1773 gie zijn grûnbesit yn Doanjewerstâl nei syn pakesizzer [[Frans Julius Johan van Eysinga]] (1752-1828) en it besit yn Haskerlân nei dy syn suster Catharina Lucia.
10.424

bewurkings

Navigaasjemenu