Meryl Streep: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13: Rigel 13:
== Films ==
== Films ==
Streep spile ûnder oaren yn dizze films:
Streep spile ûnder oaren yn dizze films:
* ''Suffragette'' (2015) - [[Emmeline Pankhurst]]
* ''Ricki and the Flash'' (2015)
* ''Into the woods'' (2013) - Heks
* ''Into the woods'' (2013) - Heks
* ''The Homesman'' (2013)- Altha Carter
* ''The Homesman'' (2013)- Altha Carter

De ferzje fan 29 mrt 2016 om 20.15

Meryl Streep
Meryl Streep yn 1989
Meryl Streep yn St. Petersburch 2004

Mary Louise (Meryl) Streep (Summit (Nij Jersey), 22 juny 1949) is in Amerikaanske aktrise. Fan heitekant is hja fan Nederlânsk komôf. Har Nederlânske foarfaar hiet net fan Steep, mar waard sa neamd om't er op it ymmigranteskip, ûnderweis nei Amerika, de foarrie byhâlde troch streekjes te setten. De oarspronlike famyljenamme is net wis.

Streep makke har debút op toaniel yn 1971 mei The Playboy of Seville; har filmdebút kaam mei de telefyzjefilm The Deadliest Season yn 1977. Itselde jier hie hja in rol yn de bioskoopfilm Julia. Goede kritiken en kommersjeel súkses kaam mei har rollen yn The Deer Hunter (1978) en Kramer vs. Kramer (1979). Foar de earste krige Streep har earste Oscar-nominaasje en foar de twadde wûn se ien. Letter wûn hja noch in Academy Award for Best Actress foar har optreden yn Sophie's Choice (1982).

Streep har namme is 15 kear neamd foar in Academy Award en 23 kear foar in Golden Globe (dêr't sy 6 fan wûn hat), faker as hokfoar persoan yn de filmskiednis dan ek. Mei har aktearjen hat sy fierders noch twa Emmy Awards, twa Screen Actors Guild Awards, in Cannes Film Festival award, trije New York Film Critics Circle Awards, fjouwer Grammy Award nominaasjes, in BAFTA award, en in Tony Award nominaasje opsmiten.

Op 26 febrewaris 2012 krige Streep har tredde Academy Award for Best Actress in a Leading Role foar har rol as Margaret Thatcher yn de Britske biografyske film (biopic film) "The Iron Lady".

Films

Streep spile ûnder oaren yn dizze films:

Keppelings om utens