European Pilot Selection & Training: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
Nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 26 mrt 2016 om 03.05

Logo fan EPST

European Pilot Selection & Training (Frysk: Jeropeeske Piloateseleksje en -Oplieding), meastentiids ôfkoarte ta EPST, is in Nederlânske loftfeartskoalle yn Utert en waard oprjochte yn 1997. Tegearre mei de KLM Flight Academy wurdt EPST op dit stuit beskôge as de wichtichste piloate-oplieder fan Nederlân. In grut part fan 'e oardel jier duorjende fleanoplieding fan EPST wurdt, ôfhinklik fan 'e kar dy't in studint makket, fersoarge troch de Britske loftfeartskoalle CTC Aviation of de Sweedske SAA. Allinnich it winnen fan nije studinten en it lêste part fan 'e oplieding wurdt troch EPST sels fersoarge.

Seleksje

Immen dy't it fleanen by EPST leare wol, moat net allinnich medysk goedkeurd wurde, mar ek yn trije seleksjefazen sjen litte dat hy of sy gaadlik is om nei de oplieding in piloat te wurden dy't foar grutte Jeropeeske loftfeartmaatskippijen, dêr't EPST kontrakten foar it leverjen fan piloaten mei hat, goed genôch is. In kandidaat mei gewoanwei mar ien kear oan 'e seleksje meidwaan, of it moat wêze dat EPST dy persoan in saneamd back-in-one-year-advys jout. Dat betsjut oer it algemien dat EPST dy kandidaat wol gaadlik achtet, mar him of har eins noch wat te jong fynt.

Neffens EPST wurde allinnich kandidaten oannommen dy't letter by de bêste 15 persint fan alle piloaten hearre kinne. Mei dêrtroch hat de skoalle ynternasjonaal in goede namme opboud.

Hjirûnder stiet in oersjoch fan 'e trije seleksjefazen fan EPST:

Faze Wat wurdt der skôge? Wêrmei/troch wa?
1
  • Hân-each-foet-koördinaasje
  • Hollerekkenfeardigens
  • Natuerkundefeardigens
  • Psychologyske eigenskippen
COMPASS-test
(Kompjûter)
2
  • Fleanoanlis
  • Hollerekkenfeardigens
  • Multitaskfeardigens
Boeing 737-simulator
3
  • Gearwurkingsfeardigens
  • Liederskipsfeardigens
  • Psychologyske eigenskippen
  • Sprekfeardigens
Twa EPST-selekteurs

Keppeling om utens