Ferskil tusken ferzjes fan "The Vor Game"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
Miles wurdt dêrnei twa moanne lang min of mear finzen holden yn it haadkertier fan ''ImpSec'', dêr't er, om him wat om hannen te jaan, tafoege wurdt oan 'e bewekking (sadat ien fan syn taken is om derfoar te soargjen dat er sels net útnaait). Hy wanhopet op 't lêst suver oft er ea noch wer bûten it gebou komme sil, mar úteinlik wurdt er der mei luitenant Ungari en serzjant Overholt opút stjoerd om te ûndersykjen wat der krekt oan 'e hân is yn it Hegen-mulpunt.
 
It Hegen-mulpunt is in [[stjerrestelsel]] mei in [[dûbelstjer]], mar sûnder bewenbere planeten. It soe eins hoegenamt net ynteressant wêze foar de [[minske]], as it net sa wie dat der fjouwer [[wjirmgat|wjirmgatten]] útkamen. Wjirmgatten binne fan natuere foarkommende "tunnels" troch it [[tiid-romtekontinuum]], dy't men brûke kin om jin fan it iene stjerrestelsel nei it oare te bejaan sûnder dat men desennia- of miskien wol ieuwenlangiuwenlang troch de lege ynterstellêre romte hoecht te reizgjen. Fjouwer fan sokke wjirmgatten hat it Hegen-mulpunt (dêrfandinne de namme "mulpunt") ta in soarte fan krúspunt yn 'e romte makke. Dy wjirmgatten liede nei fjouwer bewenne stjerrestelsels: ien nei Aslund, dat fierders gjin wjirmgatten hat en dus, om it samar te sizzen, oan 'e ein fan in dearinnende wei sit; ien nei it [[anargisme|anargistyske]] Jackson's Whole, dêr't misdiesyndikaten foar master opslane; ien nei Vervain, dêr't men fierder wei reizgje kin nei it machtige en ekspansjonistyske Cêtagandyske Ryk; en ien nei Pol, dat wer oer in wjirmgat nei Komarr, yn it Barrayareeske Ryk, beskikt. Nei desennia fan gearwurkjende desynteresse en saaie neutraliteit is der yn it Hegen-mulpunt ynienen in wapenwedrin geande. Pol en Jackson's Whole hawwe der floatienheden nei ta stjoerd, wêrby't Pol sels safier gien is dat it de befeiliging fan syn wjirmgat oan 'e Barrayareeske kant ferwaarleazget, wylst it sûnt de Barrayareeske ferovering fan Komarr altiten tige benaud foar Barrayar wie. Vervain hat in hierlingefloat, Randall's Rangers, ynhierd, wylst Aslund, dat it measte te ferliezen hat om't it oer gjin oare útwei as troch it Hegen-mulpunt beskikt, oan in militêr romtestasjon wurket mar foar de tuskentiid ek in hierlingefloat oannommen hat: de Frije Dendarii Hierlingen, dy't Miles ûnder syn eardere aventoeren oprjochte hat (sjoch: ''[[The Warrior's Apprentice]]'').
 
Mei't der foar Barrayar wichtige [[ekonomy|ekonomyske]] en strategyske belangen op it spul steane, moatte Ungari, Overholt en Miles, waans funksje yn it tiim strikt dy fan assistint is, út sjen te finen wat de wapenwedrin feroarsake hat en hoe't de Dendarii der krekt yn behelle binne. Sadwaande reizget Miles ûnder de momkape fan Victor Rotha, in skabeljeuze Bêtaanske wapenhannelder, mei Ungari as syn partner en Overholt as syn liifwacht nei it Hegen-mulpunt.
* [[Ofbyld:flag of Poland.svg|20px]] [[Poalsk]] (''Gra''), fert. Patrycja Fiodorow, 1999;
* [[Ofbyld:Flag of the Czech Republic.svg|20px]] [[Tsjechysk]] (''Vorova Hra''), fert. Silvie Sustrová, 2001;
* [[Ofbyld:flag of Israel.svg|20px]] [[HebrieuskHebriuwsk]] (''Mishakay Atsula''), fert. David Chanoch, 2003;
* [[Ofbyld:Flag_of_the_People's_Republic_of_China.svg|20px]] [[Sineesk]] (?), fert. ?, 2004;
* [[Ofbyld:flag of South Korea.svg|20px]] [[Koreaansk]] (''Porŭ Geim''), fert. Sang-hun Kim, 2008;
17.653

bewurkings

Navigaasjemenu