Jordanes: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
'''Jordanes''' (ek: Jornandes, Jordanis, Iordanes, Iordanis) († [[552]]) wie in [[Goaten|Goatysk]] skiedskriuwer út de seisde ieu.
'''Jordanes''' (ek: Jornandes, Jordanis, Iordanes, Iordanis) († [[552]]) wie in [[Goaten|Goatysk]] skiedskriuwer út de seisde iuw.


== Libben ==
== Libben ==

De ferzje fan 20 mrt 2016 om 11.44

Jordanes (ek: Jornandes, Jordanis, Iordanes, Iordanis) († 552) wie in Goatysk skiedskriuwer út de seisde iuw.

Libben

Oer it libben fan Jordanes is net folle bekend. Fermoedlik is er berne op de Balkan en behearske er it Latyn en Gryksk. Hy wurke en wenne yn de haadstêd fan it East-Romeinske Ryk Konstantinopel. Ut syn wurk falt op te meitsjen dat er yn kontakt stie mei Kassiodorus. Foardat er syn wurken op papier sette, wie hy wurksum as sekretaris foar in hege offisier fan Goatysk komôf, Gunthigis. Mooglikerwiis trede er letter ta by de geastlike stân.

Wurken

Syn wichtichste wurk is de De origine actibusque Getarum (better bekend as "de Getika"), dat hannellet oer de skiednis fan de Goaten. Dat wurk is de ienige klassike boarne oer de iere skiednis fan de Goaten.

Fierders is fan syn hân "Romana", dat er skreau neidat er de Getika foltôge hie en dat in soartemint kompendikum foarmet fan de meast nijsgjirrige foarfallen sûnt it begjin fan de skiednis oant en mei de oerwinnings behelle troch Narses, yn 552, oer kening Teia.

Keppeling om utens