Ferskil tusken ferzjes fan "Salt Lake City"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
 
==Skiednis==
Ear't Salt Lake City bestie, hie de [[Delling fan de Sâltmar]] ieuwenlangiuwenlang bewenne west troch de [[Sjosjoanen]] en de [[Jût (folk)|Jût]]- en [[Pajût (folk)|Pajût]]-[[Yndianen]]. Op [[24 july]] [[1847]] waard Salt Lake City oan 'e eastkant fan 'e [[Grutte Sâltmar]] stifte troch in groep [[mormoanen]], besteande út 143 manlju, trije froulju en twa bern. Dy wiene ûnder lieding fan harren [[profeet]] [[Brigham Young]] de [[leauwensferfolging]] ûntflechte dêr't hja yn [[Missoury (steat)|Missoury]] en [[Illinois]] ûnder te lijen hiene, om yn it ûnherberchsume Westen in nij bestean op te bouwen. Op dy bewuste dei spriek Brigham Young, dy't de lieder fan 'e mormoanen wurden wie nei de moard op harren tsjerkfaar [[Joseph Smith]], by it sjen fan 'e delling de histoaryske wurden ''"dat is it rjochte plak, dêrhinne."'' Hy ferwiisde dêrby nei in fizioen dat er hân hawwe soe wêryn't him it plak tsjut wie dêr't de mormoanen harren fêstigje moasten.
 
De krite dêr't hja harren nei wenjen setten, hearde doedestiden eins noch ta [[Meksiko]], mar lei te fier nei it noarden ta om troch it Meksikaanske regear behearske te wurden. De mormoanen stiften der mear as hûndert delsettinkjes yn wat Young "[[Deseret]]" neamde, en regearre as in folslein ûnôfhinklike [[teokrasy]]. Nei't it gebiet yn [[1848]] mei û.m. Kalifornje troch Meksiko ôfstien wie oan 'e Feriene Steaten, kaam it bekend te stean as it [[Utah (territoarium)|Utah-territoarium]]. De nij stifte stêd waard it mulpunt dat territoarium, en úteinlik, yn [[1858]], ek de haadstêd. De Timpel fan Salt Lake City, de sit fan 'e [[Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen]], waard wer it mulpunt fan 'e stêd sels. De bou fan dat mânske gebou sette yn [[1853]] útein, en it waard pas fjirtich jier letter, yn [[1893]], foltôge. Hoewol't Utah foar in grut part út [[woastyn]] en rotsgrûn bestie, wisten de mormoanen der troch harren kommunale wurkwize en heech ûntwikkele lânboumetoaden te oerlibjen en sels te florearjen. Fan [[1848]] oant [[1890]] wiene der allegeduerigen botsingen mei it Amerikaanske regear yn [[Washington, D.C.|Washington]], oant de mormoanen úteinlik de troch harren as ûnderdiel fan har [[leauwe]] beliden [[polygamy]] (mearwiverij) ôfswarden. Yn 'e 1850-er jierren waard der sels eefkes fochten, yn wat wol de "[[Lytse Boargeroarloch]]" neamd wurdt. Amerikaanske troepen ûnder de lettere [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Súdlike]] generaal [[Albert Sidney Johnston]] kamen yn [[1857]] om Salt Lake City te besetten, mar ûntdieken dat Young-en-dy de stêd ûntromje litten hiene. Troch dizze kwestje waard Utah pas yn [[1896]] as in folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen, folle letter as dat op grûn fan ynwennertal hoegd hie.
 
Yn [[1869]] waard it [[Earste Transkontinintale Spoar]] by [[Promontory Summit (Utah)|Promontory Summit]], oan 'e noardkant fan 'e Grutte Sâltmar, foltôge, doe't de spoarlinen dy't út it easten en westen wei oanlein waarden dêr byinoar kamen. Salt Lake City sels waard yn [[1870]] op it spoar oansletten, wat reizgjen in stik makliker makke. Yn 'e tiid fan it [[Wylde Westen]] wie Salt Lake City ien fan 'e grutste en meast bloeiende stêden yn it westlike binnenlân. De stêd groeide stadich troch oant it ynwennertal healwei de [[tweintichste ieuiuw]] in hoart ôfnaam fanwegen in migraasjeweach út it sintrum nei de foarstêden. Sûnt de ein fan 'e jierren tachtich groeit Salt Lake City wer, mei trochdat in protte ymmigranten út [[Midden-Amearika|Midden-]] en [[Súd-Amearika]] har der fêstige hawwe. Ek binne der relatyf grutte mienskippen fan [[Samoä]]nen en [[Tonga]]nen. Yn [[2002]] waarden yn Salt Lake City de [[Olympyske Winterspullen 2002|Olympyske Winterspullen]] holden. Dêr ûntstie yn [[1998]] in skandaal oer doe't oan it ljocht kaam dat der jild delteld wie om 'e ferkiezing ta gaststêd fan 'e Spullen te bewissigjen.
[[File:Utah State Capitol Building.JPG|right|thumb|300px|It [[Steatskapitoal fan Utah]].]]
 
17.651

bewurkings

Navigaasjemenu