Ferskil tusken ferzjes fan "Memory (roman fan Lois McMaster Bujold)"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
Sûnder Miles dêr yn 't foar oer yn te ljochtsjen lit Haroche dan kaptein Duv Galeni oppakke, in Komarraanske freon fan Miles, dy't sawol in ''ImpSec''-analist as de soan fan Ser Galen is. Haroche syn bewiisfiering tsjin Galeni is oannimlik, mar Miles, dy't as gjin oar syn freon ken, leaut der neat fan. Dan oerspilet Haroche syn hân troch Miles oan te bieden om wer yn ''ImpSec''-tsjinst werom te kearen; hy kin dan op 'e âlde foet fierder yn syn undercover-rol as Dendarii-admiraal Naismith. Boppedat kin er der noch in promoasje op ta krije, sadree't er de saak oangeande Illyan syn chip mar ôfsletten hat. Miles, dy't neat leaver wol as fannijs "de lytse admiraal" spylje, moat alderdusdanichst mei himsels yn 'e slach, mar ta ein beslút beseft er dat Haroche him nea besocht hawwe soe om te keapjen as er net wat te ferbergjen hie. Mei oare wurden, Haroche moat de dieder wêze. Mar hoe kin Miles dat bewize? Hy tinkt in snoad plan op om 'e ''ImpSec''-sjef deryn rinne te litten, wat dyselde daliks docht. As er op 'e die trappearre wurdt by it fuortmoffeljen fan bewiismateriaal, jout Haroche it oer. Yn it dêropfolgjende ferhear bekent er dat er út ambysje, om't er sels haad fan ''ImpSec'' wurde woe, besocht hat Illyan út 'e wei te romjen.
 
As Miles letter syn rapport oangeande de saak skreaun en ynlevere hat, wol er ek de amtskeatling fan ryksauditeur wer weromjaan, mar keizer Gregor ferrast him op 'e nij, troch him in fêste oanstelling ta ryksauditeur oan te bieden, in oanbod dêr't Miles mei gragens op yngiet. Foar syn epileptyske oanfallen hat er tusken de bedriuwen troch in ymplantaat yn 'e holle krigen dat er mei in ektern apparaat aktivearje kin. Op dy manear kin er op in selskeazen stuit syn stupen opwekje, sadat se him net op ûngelegen mominten oerfalle. Boppedat binne de oanfallen ek folle lichter as er har op fêste tiden ûndergiet. Simon Illyan kin himsels ûnderwilens wer goed rêde troch in audionotysjeblok (in soarte fan taperekorder) te brûken om syn koarte-termynûnthâld te ûnderstypjen. Hy keart lykwols net werom as haad fan ''ImpSec'', mar giet nei in militêre karriêre fan fiifenfjirtich jier mei pinsjoen. Underwilens is er, ta Ivan syn ôfgriis, in relaasje begûn mei frouwe Alys, op wa't er, nei't no bliken docht, al in heale ieuiuw fereale wie. It nije haad fan ''ImpSec'', generaal Guy Allegre, beslút yn oerlis mei Miles de Dendarii as ûnderdiel fan 'e geheime tsjinst te behâlden; Elli Quinn wurdt befoardere ta admiraal. It boek einiget mei de ferloving fan keizer Gregor en Laisa Toscane.
 
==Oersettings==
17.651

bewurkings

Navigaasjemenu