Terentius: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
(ynfoboks)
No edit summary
==Libben==
Oer Terentius syn libben is net in protte bekend. Om te begjinnen is syn bertejier al omstriden; [[Aelius Donatus]], de [[auteur]] fan 'e ûnfoltôge ''Commentum Terenti'', miende dat er yn 185 f.Kr. berne wie, wylst de [[histoarikus]] en [[ensyklopedy|ensyklopedist]] [[Fenestella]] hawwe woe dat er tsien jier earder te wrâld kaam, yn 195 f.Kr. Foar 't neist leit oan dizze striidkwestje in simpele ferskriuwing te'n grûnslach, mar wat it goede jier is, is no net mear te efterheljen.
[[File:Portrait of Terence from Vaticana, Vat. lat.jpg|left|thumb|250px|In portret dêr't fan beweard wurdt dat it fan Terentius is (út 'e ''Codex Vaticanus Latinus 3868'', mooglik oerskildere fan in [[trêde ieuiuw|trêde-ieuskiuwsk]] orizjineel).]]
 
It is mooglik dat Terentius yn [[Kartago]] berne waard, of yn it [[Griken|Grykske]] suden fan [[Itaalje]], as de soan fan in Kartaachske slavinne. Mar syn ''[[cognomen]]'' Afer wiist derop dat der in konneksje is mei it folk dat de Romeinen de ''Afri'' neamden, in lânseigen [[Lybje|Libyske]] stamme dy't nei-oan Kartago libbe (yn wat tsjintwurdich it westen fan [[Lybje]] is, deunby de [[Tuneezje|Tunezyske]] grins). Yn 'e tiid dat Terentius libbe, waarden de termen ''Afer'' en ''Afri'' nammentlik útslutend brûkt foar Libyske [[Berbers]] dy't net [[etnyske groep|etnysk]] [[Kartagers|Kartaachsk]] wiene (foar lju dy't dat wol wiene, waard de term ''Punicus'' brûkt). Yn letter ieuweniuwen, lykwols, begûnen de Romeinen eltsenien fan it westlik part fan 'e súdkust fan 'e [[Middellânske See]] mei ''Afer'' oan te tsjutten en ûntstie út dy term de namme [[Afrika]], earst foar in beskate Romeinske provinsje, en letter foar it hiele [[wrâlddiel]]. Sadwaande hat men dus beriddenearre dat Terentius in Berber west hawwe moat.
 
Hoe dan ek, hy waard ferkocht oan in Romeinske senator, in P. Terentius Lukanus, dy't him syn eigen namme joech en him in klassike oplieding bea. Neitiid wied er sa ûnder de yndruk fan Terentius syn feardichheden as [[toanielskriuwer]], dat er him syn frijheid skonk. Terentius skreau seis [[komeedzje]]s, dy't allegearre oerlevere binne, en dy't allegearre tusken 170 en 160 f.Kr. foar it earst opfierd waarden. It bekendste sitaat út syn wurk komt út it [[toanielstik]] ''Heauton Timorumenos'': ''"Homo sum; humani nihil a me alienum puto"'' ("Ik bin in minske; neat minskliks is my frjemd"), dat ek hjoed de dei noch, almeast mei weilitting fan it foarste sinsdiel en ferbûging fan 'e rest ("Neat minskliks wie him frjemd"), noch gauris yn hast alle Westerske talen brûkt wurdt.
 
==Wurk==
Krekt as [[Plautus]] paste Terentius [[Aldgryksk]]e toanielstikken oan út 'e lette faze fan 'e [[Attika|Attyske]] [[komeedzje]]. Mar hy wie mear as in sljochtwei [[oersetter]], sa't guon moderen ûntdekkings fan Aldgrykske stikken dy't ferlern waand wiene, bewiisd hawwe. Terentius liende út 'e âldere wurken in autentyk Gryksk maatskippijbyld út 'e [[trêde ieuiuw f. Kr.]], mar foege dêr eigen dramatyk oan ta. Hy skreau yn 'e [[Latyn]]ske sprektaal, yn in styl dy't de measte lju dy't him yn it orizjineel lêze kinne, tige noflik en direkt oankomt.
 
;toanielstikken
17.653

bewurkings

Navigaasjemenu