Rutger Kopland: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gjin feroaring yn grutte ,  6 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
No edit summary
No edit summary
| taal = [[Nederlânsk]]
| sjenre = [[poëzij]], [[essay|essay's]], [[non-fiksje]]
| perioade = 2e helte [[20e ieuiuw]]
| streaming =
| tema's =
| webside = ''gjint''
}}
'''Rutger Kopland''' (wiere namme: '''Rutger Hendrik van den Hoofdakker'''; [[Goor]], [[4 augustus]] [[1934]] – [[Glimmen (doarp)|Glimmen]], [[11 july]] [[2012]]) wie in [[Nederlân]]sk [[dichter]] en [[essay]]ist, dy't [[literatuer|literêr]] beskôge wurdt as ien fan 'e wichtichste [[Nederlânsk]]talige dichters fan 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste ieuiuw]]. Teffens wied er yn dy perioade tige populêr by in breder publyk, wat net altyd earmke-om giet. Beropsmjittich wie Kopland wurksum as [[psychiater]] en letter as [[heechlearaar]] [[psychiatry]] oan 'e [[Ryksuniversiteit Grins]]. Nei in slim auto-ûngemak loek er him yn [[2005]] út it iepenbiere libben werom.
 
==Libben==
Fan [[1981]] oant [[1995]] wied er [[heechlearaar]] [[biology]]ske [[psychiatry]] oan 'e RUG. Syn ynaugurele rede, útsprutsen op [[21 juny]] [[1983]], hie as titel ''Iets over het Gebruik van Hersenen''. Yn syn hoedanichheid fan heechlearaar produsearre Kopland withoefolle wittenskiplike publikaasjes. Hy spile in wichtige rol yn it ûndersyk nei en de weryntroduksje fan de [[elektrokonvulzjeterapy]] (ECT), better bekend as [[elektroshockterapy]]. Mei troch Kopland syn ynset wurdt dizze behannelmetoade yn Nederlân jiers wer op hûnderten pasjinten tapast.
 
Yn syn frije tiid hie Kopland him ûnderwilens ûntjûn ta ien fan 'e ynfloedrykste en populêrste [[dichter]]s fan 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste ieuiuw]]. Hy debutearre yn [[1966]] mei de bondel ''Onder het Vee''. Mear as tsien oare samlings [[gedicht]]en folgen, en teffens in pear boekjes dêr't syn [[essay|essay's]] yn gearbrocht wiene. Yn Kopland syn [[poëzij]] wurde yn in ienfâldige, observearjende styl mei in soad oandacht foar gewoan wurdgebrûk algemien minsklike tema's beljochte. In protte fan syn gedichten beskriuwe in (bgl. troch in lânskip oproppen) momintopname, in koart duorjende ympresje, dy't by him oanlieding jout ta neiprakkesearjen oer fergonklikheid, it foarbygean fan sa'n momint (wat eins itselde is), of it skeppingsproses fan 'e dichter sels. Foar in soad lêzers en kritisy wurde yn syn wurk tagonklikheid, relativearring en djipgong kombinearre. Kopland syn gedichten waarden oerset yn it [[Ingelsk]], [[Frânsk]] en [[Dútsk]]. Yn [[2000]] waard er ek útkard ta ''Dichter des Vaderlands'', mar dy eare liet er oan him foarbygean, sadat de kar ynstee op [[Gerrit Komrij]] foel.
 
Kopland wie troud, hie trije bern en wenne sûnt de iere jierren sechstich yn it doarp [[Glimmen (doarp)|Glimmen]], yn 'e provinsje [[Grinslân]]. Nei in slim auto-ûngemak yn desimber [[2005]], dat feroarsake waard trochdat er efter it stjoer in [[hertstilstân]] krige, loek er him fierhinne út 'e publisiteit werom. Fraachpetearen joech er frijwol net mear, en optredens yn it iepenbier died er likemin noch. Wol ferskynde yn [[2008]] noch syn lêste dichtbondel ''Toen Ik Dit Zag''. De letter noch publisearre lêzing ''Inleiding in de 'Patafysica'', oer ûnsinbewearings yn 'e wittenskip, hied er yn [[2000]] al holden oan 'e [[Katolike Universiteit Brabân]], te [[Tilburch]]. Rutger Kopland stoar yn 'e âlderdom fan 77 jier, op [[11 july]] [[2012]]. Hy waard yn besletten kring begroeven, al wied er neitiid noch wol betinking yn 'e [[Grins|Grinzer]] [[Martinytsjerke (Grins)|Martinytsjerke]].
17.653

bewurkings

Navigaasjemenu