Kola-skiereilân: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gjin feroaring yn grutte ,  6 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(nije side)
 
No edit summary
 
==Skiednis==
De bewenning fan it Kola-skiereilân giet tebek oant mooglik it sânde milennium f.Kr. [[Argeology]]ske fynsten bewize dat der in ferskaat oan folken omhúsmanne hawwe moat, mar tsjin it earste milennium n.Kr. wiene dêrfan inkeld de [[Samen]] noch oer, dy't fierhinne fan 'e [[rindier]]hâlderij libben. Yn 'e [[tolfde ieuiuw]] sette de [[kolonisaasje]] fan it kustgebiet troch Russyske [[Pomoaren]] útein, dy't har taleine op 'e [[fiskerij]] en de [[jacht (op bisten)|jacht]]. It skiereilân waard koarte tiid letter anneksearre troch de [[Republyk Novgorod]], ien fan 'e machtichste Russyske steaten út dy snuorje. Yn [[1471]] ferlear Novgorod it Kola-skiereilân lykwols oan it grutfoarstedom [[Moskoovje]], dat syn eigen kolonisten derhinne stjoerde. Yn 'e [[sechstjinde ieuiuw]] soarge in konflikt mei [[Denemark]] (dêr't ek [[Noarwegen]] doe ta hearde) foar in fuortsterking fan 'e Russyske posysje op it skiereilân. Yn dyselde snuorje waarden sawol de Samen as de Pomoaren ta [[liifeigenskip|liifeigenen]] makke.
[[File:MurmanskHarbour.jpg|right|thumb|300px|De haven fan [[Moermansk]], de grutste stêd op it Kola-skiereilân.]]
 
Tsjin 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] wiene de Samen grutdiels út it suden fan it skiereilân ferkrongen troch de [[Komy (folk)|Komy]] en [[Nenets (folk)|Nenets]] út noardlik Ruslân, dy't nei it Kola-skiereilân ferfearen om te ûntkommen oan 'e [[epidemy]]en ûnder de rindierpopulaasje yn har heitelân. Yn [[1916]] waard Romanov oan de Murmane (no Moermansk) stifte, dat him al rillegau ûntjoech ta in wichtige havenstêd. Under de [[Sovjet-Uny]] begûn de befolking sterk oan te winnen, al wie soks beheind ta de stedske sintra oan 'e kust. Yn [[1913]] hie it skiereilân in befolking fan 13.000 minsken; yn [[1970]] wiene dat 799.000 minsken. Der waarden [[spoarwegen]] oanlein en fabriken boud, en Moermansk waard ien fan 'e wichtichste [[marine]]havens fan it lân. It [[miljeu]] litte yn dy snuorje duorjende skea, en de Samen hiene slim te lijen ûnder de [[kollektivisaasje fan de lânbou]]. Nei it ynstoarten fan 'e Sovjet-Uny, yn [[1991]], rekke de [[ekonomy]] fan it Kola-skiereilân yn it neigean en begûn de befolking ôf te nimmen. Pas nei de ieuwikseliuwwiksel klaude it gebiet wer wat by de wâl op.
 
==Klimaat==
17.653

bewurkings

Navigaasjemenu