Kastiel fan Turnberry: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
No edit summary
 
==Skiednis==
It is ûnbekend wannear't of troch wa't it [[kastiel]] boud is, mar it wie oarspronklik in fêsting fan 'e hearen fan [[Galloway]], foar't it oan it begjin fan 'e [[trettjinde ieuiuw]] yn it besit fan 'e greven fan Carrick kaam. Mids trettjinde ieuiuw wie it de sit fan [[Marjorie, grevinne fan Carrick]], de mem fan 'e ferneamde Skotske kening [[Robert I fan Skotlân|Robert I]]. It is net ûntsjinstriidber befêstige, mar it hat der alle skyn fan dat Robert I op it Kastiel fan Turnberry berne waard. Yn elts gefal brocht er der in grut part fan syn jonkheid troch.
[[File:Turnberry Castle.jpg|left|thumb|300px|De ruïnes fan it Kastiel fan Turnberry.]]
 
 
==Hjoeddeistige sitewaasje==
Tsjintwurdich is der mar in bytsje mear oer fan it Kastiel fan Turnberry. De ruïnes wurde oan trije kanten omsletten troch de [[Skotske See]], wylst oan 'e lânkant in [[golfbaan]] leit. IeuwenlangIuwenlang hawwe de ruïnes bleatstien oan 'e ynfloeden fan waar en wyn, wat se gjin goed dien hat. Sadwaande binne inkeld de [[kelder]]s en de [[tsjerker]]s no noch yntakt. Fierders bestiet it kastiel út guon mei [[moas]] begroeide [[stien]]heapen en wat restanten fan wat oarspronklik wierskynlik in [[ophelbrêge]] en in [[falstek]] wiene, dêr't oarspronklik de [[poarte]] mei fersterke wie. Der binne [[grot]]ten dy't nei see liede, en dy't mooglik ienris brûkt binne om [[skip]]pen by it kastiel oanlizze te litten. Yn [[1873]] waard op in diel fan it terrien in [[fjoertoer]] set, dy't der no noch altyd stiet.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
17.653

bewurkings

Navigaasjemenu