Raerd: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
foto
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 20: Rigel 20:
De herfoarme tsjerke is fan [[1814]]. Hjirby stiet in rjochthoekige tinkstien as neitins oan yn de gemeente omkomde fersetstriders. It monumint waard ûnthuld op [[4 maaie]] [[1957]]. Hjirop steane de nammen fan alve fersetsstriders, wêrûnder [[Chris Tinkelenberg]].
De herfoarme tsjerke is fan [[1814]]. Hjirby stiet in rjochthoekige tinkstien as neitins oan yn de gemeente omkomde fersetstriders. It monumint waard ûnthuld op [[4 maaie]] [[1957]]. Hjirop steane de nammen fan alve fersetsstriders, wêrûnder [[Chris Tinkelenberg]].


Yn 2009-10 binne de tsjerke en de grêfstiennen restaurearre. In grutte ferrassing by de restauraasje fan de tsjerke wie de ûntdekking fan njoggen grêfstiennen ûnder de flier. Der is altyd tocht dat de stiennen yn 1908 út tsjerke helle wiene. Yn stikken binne se weromfûn. De grêfstiennen lizze no wer yn de flier, lykas hûndert jier lyn. (Sjoch keppeling om utens). By de restauraasje waard ek in wierskynlik [[8e ieu]]sk brûnzen ornamint mei in ôfbyld fan [[Jezus Kristus|Kristuskop]] yn in krús fûn. At de datearring doocht giet it om de âldste kristlike foarstelling yn Noard Nederlân.
Yn 2009-10 binne de tsjerke en de grêfstiennen restaurearre. In grutte ferrassing by de restauraasje fan de tsjerke wie de ûntdekking fan njoggen grêfstiennen ûnder de flier. Der is altyd tocht dat de stiennen yn 1908 út tsjerke helle wiene. Yn stikken binne se weromfûn. De grêfstiennen lizze no wer yn de flier, lykas hûndert jier lyn. (Sjoch keppeling om utens). By de restauraasje waard ek in wierskynlik [[8e iuw]]sk brûnzen ornamint mei in ôfbyld fan [[Jezus Kristus|Kristuskop]] yn in krús fûn. At de datearring doocht giet it om de âldste kristlike foarstelling yn Noard Nederlân.


== Ferskaat ==
== Ferskaat ==

De ferzje fan 18 mrt 2016 om 17.42

Raerd
Flagge fan Raerd Wapen fan Raerd
Flagge Wapen
Lokaasje fan Raerd
Gemeente Boarnsterhim
Ynwennertal (2008) 640
Webstee Webstee Raerd
himrik fan Raerd
It sintrum fan Raerd

Raerd is in doarp yn Boarnsterhim, mei 640 ynwenners (maart 2008). Raerd lei oarspronklik oan de rivier De Boarn en oan de Middelsee. It wie it haadplak fan de eardere gemeente Raerderhim. Raerd is net itselde plak as Raard (Dongeradiel). Ta it gebiet fan Raerd heart ek it buorskip Flânsum.

Raerd is in terpdoarp deun by de wei fan Ljouwert nei Snits. By die wei hat eartiids ek in state west, Jongema State, dêr't no allinnich de poarte noch fan oerein stiet. Op dit stee is no in park mei beammen op in terrein mei stinzeplanten. Dit park wurdt beheard troch It Fryske Gea. Utsûndere de maitiid is it park frij tagonklik foar it publyk. De ynwenners hawwe de bynamme "Raerder Roeken", troch it grut tal roekenêsten dat op it terrein fan de eardere state, yn'e folksmûle de "Raerder Bosk" neamd, te finen is.

De tsjerke

De herfoarme tsjerke is fan 1814. Hjirby stiet in rjochthoekige tinkstien as neitins oan yn de gemeente omkomde fersetstriders. It monumint waard ûnthuld op 4 maaie 1957. Hjirop steane de nammen fan alve fersetsstriders, wêrûnder Chris Tinkelenberg.

Yn 2009-10 binne de tsjerke en de grêfstiennen restaurearre. In grutte ferrassing by de restauraasje fan de tsjerke wie de ûntdekking fan njoggen grêfstiennen ûnder de flier. Der is altyd tocht dat de stiennen yn 1908 út tsjerke helle wiene. Yn stikken binne se weromfûn. De grêfstiennen lizze no wer yn de flier, lykas hûndert jier lyn. (Sjoch keppeling om utens). By de restauraasje waard ek in wierskynlik 8e iuwsk brûnzen ornamint mei in ôfbyld fan Kristuskop yn in krús fûn. At de datearring doocht giet it om de âldste kristlike foarstelling yn Noard Nederlân.

Ferskaat

Mienskip

Yn 2000 is it Doarpshûs Raerd oprjochte, mei arsjitekt Rein Hofstra waard it eardere kafee ferboud. De feriening foar Doarpsbelang hat hjir har gearkomsten. "Praet van Raerd" is de doarpskrante. Stifting Festiviteiten Kommisje Raerd, ek wol merkekommisje neamd, regelt de festiviteiten yn it fjirde wykein fan augustus. Foar de jongerein wurdt der yn de wintermoannen wat organisearre yn sportkantine "Jongemakrite". Oan de Seelânwei stiet basisskoalle It Raerderhiem.

Ferienings

  • Nije Moed - toaniel
  • De Tûke Roeken - karnaval
  • Dokumintenkommisje
  • Stifting Farrend Erfgoed
  • OSO - gymnastyk
  • iisklub Raerderhim
  • tennisferiening
  • Keatsferiening Wês-Wis
  • Miss Stoot - biljerten

Befolking

Strjitten

Aldfeartswei, Buorren, De Blink, De Dille, De Pôle, Flânsum, Frijhofke, Hegedyk, It Fintsje, Kleaster, Op'e Feart, Poppenwiersterdyk, Sélânswei, Skoalstrjitte, Slingerbochten, Slotsdyk, Smitshoeke, Snitserdyk, Sylsterhoeke.

Keppeling om utens