Perikles: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
stav.
Rigel 15: Rigel 15:


== Karakterskets ==
== Karakterskets ==
Perikles hie syn sjarisme fral te tankjen omdat er bjusterbaarlike tûk bespraakt wie. ''“De ompraat goadinne sied op syn lippen”'', beweare de dichter Eupolis. [[Thucydides (historicus)|Thukydides]] hat syn talint om te sprekken ferieuwige mei de ferneamde lykrede ''(“Epitaphios”)'' dy't Perikles útsprekke by betinkingplechtichheid foar de deaden út de Peloponnesyske Kriich. Hoewol't fan aristokratyske komôf en in heechhertich karakter - de ‘Olympyjër’ neamden syn opponinten him - hat Perikles him as politikus in demokratyske fisy eigen makken en stelde hy him yn tsjinst fan syn heitestêd Atene, dy't dêrtroch de antike demokrasy by útstek waard en de supremaasje ferkrige yn de Grykske wrâld. Hy hat er foar soarge dat arbeiders goed yn harren libbensûnderhâld foarsjen koenen troch in soad bouprojekten op de [[Akropolis]] útein te setten. Earme boargers koenen har opwurkje, sadat elkenien him mei steatsaken dwaande hâlden koe.
Perikles hie syn sjarisme fral te tankjen omdat er bjusterbaarlike tûk bespraakt wie. ''“De ompraat goadinne sied op syn lippen”'', beweare de dichter Eupolis. [[Thucydides (historicus)|Thukydides]] hat syn talint om te sprekken ferivige mei de ferneamde lykrede ''(“Epitaphios”)'' dy't Perikles útsprekke by betinkingplechtichheid foar de deaden út de Peloponnesyske Kriich. Hoewol't fan aristokratyske komôf en in heechhertich karakter - de ‘Olympyjër’ neamden syn opponinten him - hat Perikles him as politikus in demokratyske fisy eigen makken en stelde hy him yn tsjinst fan syn heitestêd Atene, dy't dêrtroch de antike demokrasy by útstek waard en de supremaasje ferkrige yn de Grykske wrâld. Hy hat er foar soarge dat arbeiders goed yn harren libbensûnderhâld foarsjen koenen troch in soad bouprojekten op de [[Akropolis]] útein te setten. Earme boargers koenen har opwurkje, sadat elkenien him mei steatsaken dwaande hâlden koe.


{{Commonscat|Perikles}}
{{Commonscat|Perikles}}

De ferzje fan 15 mrt 2016 om 18.43

Buste fan Perikles mei de ynskripsje "Perikles, soan fan Xanthippus, de Atener".
Romeinske kopy neffens in Gryksk orzjineel fan sa. 430 f. Kr.

Perikles (Gryksk: Περικλῆς) (Kolargos, 495 f. Kr. - Atene, 429 f. Kr.), wie generaal en steatsman fan Atene. Hy stiet bekend as in charismatysk lieder en jilde yn it tiidrek dat Atenea har grutste kulturele en politike bloeitiid trochmakke as de net kroande lieder fan de stêd. Troch syn persoanlikheid en optreden wurdt de hiele perioade betiids ek 'de ieu fan Perikles’ of 'gouden ieu fan Atene' neamd.

Jeugd

Perikles waard nei alle gedachten om-ende-by 500 f. Kr. berne yn Kolargos, in plak by Atene. Troch syn mem Agariste, in nicht fan Klistenes, wie hy besibbe mei de Alkmaeoniden famylje, in laach dy't nochal wat ynfloed hienen. Syn heit Ksantippus hie rom opdien as oerwinner yn de Mykale. As fyftjinjierrige jongen waard hy mei in protte oaren út de stêd nei Salamis evakuearre doe't de stêd oanfallen waard troch Perzje. Nei de Perzyske nederlaach kearde hy werom nei it befrijde Atene en oanskôge de werbou fan de ferwoaste stêd.

Yn syn jonge jierren waard Perikles foarme troch de ferljochte ideeën fan learmasters lykas de musikus Damon en de filosoof Anaksagoras, dêr't hy mei befreone wie.

Polityk

Dêrnei tredde hy algau op de foargrûn yn de Ateenske polityk. Trochdat hy Ephialtes stipe jûn hie by de ôfsetting fan Areopagus waard hy nei dy syn gewelddiedige dea yn 461 de net bestride foaroanman fan de demokratyske partij. Hy waard tusken 460 en 445 alle kearen as strateech keazen en late suksesfolle fjildtochten, ûnder mear tsjin Boeotje en Aigina. Aldus begûn er fuort de machtsútwreiding fan Atene nei te stribjen fia de reorganisaasje fan de Delyske Bûn. Under lieding fan Perikles hat dy bûn him hieltyd mear ûntwikkele ta in Ateensk imperium, dêr't bûnsmaten in ûndergeskikte rol yn spile. Neidat er mei Perzje yn 449/448 einlik offisjeel frede sleaten hie, waard de tanimmende spanning mei aartsrivaal Sparta yn 446 ek beswarren troch in tritichjirrige frede, wêrnei Perikles útein sette koe mei it realisearen fan syn politike ideaal.

Ynlânsk feroare hy hiel bot de demokratyske ynstellingen, benammen troch de ynfiering fan in útkearing fan de steat foar rjochters en bestjoerders wêrtroch it mooglik waard dat ek boargers út de legere klassen harren boargerrjochten en –plichten dwaan koenen sûnder ynkomsten foar harren libbensûnderhâld te missen. Op kultureel mêd hat er it inisjatyf nomd ta de bou fan ûnder mear it Partenon, en joech hy stipe oan keunstners en gelearden as Anaksagoras, Sofokles, Fidias, Herodoatos en Protagoras, en dêr't hy meastentiids mei befreone wie. Politike tsjinstanners dy't persoanlik net tsjin him duorre yn te gean rjochte faak harren oanfallen tsjin dizze freonen, of tsjin Aspasia, dy't syn leafde wie neidat er him skieden litten hie fan syn wetlike frou.

Doe't de Peloponnesyske Oarloch net langer te mijen waard, en Attika alle jierren troch de Spartanen ûnder harren kening Archidamus II ferwoaste waard, wie it Ateenske folk net langer tefreden oer Perikles syn strategy. Op grûn fan in net folslein heldere oanklacht fanwegen fertsjustering fan steatsjild waard hy as strateech ôfsetten, mar sawat fuortendaliks krige it folk spyt fan harren beslissing en keazen him op 'e nij foar it jier 429. Lykwols hawwe dy net grûne fertochtmeitserij him syn libbenskrêft koste. Perikles wie op kriich tariede, mar slagge der net yn syn kriichsplan goed útfierber te bringen: yntusken wie yn Atene de pest útbrutsen en sels waard hy ien fan de earste slachtoffers fan dy ziekte. Hy ferstoar yn de hjerst fan 429, neidat er earst noch syn beide soannen Ksantippos en Paralos oan de moardzjende sykte beswike sjoen hie.

Karakterskets

Perikles hie syn sjarisme fral te tankjen omdat er bjusterbaarlike tûk bespraakt wie. “De ompraat goadinne sied op syn lippen”, beweare de dichter Eupolis. Thukydides hat syn talint om te sprekken ferivige mei de ferneamde lykrede (“Epitaphios”) dy't Perikles útsprekke by betinkingplechtichheid foar de deaden út de Peloponnesyske Kriich. Hoewol't fan aristokratyske komôf en in heechhertich karakter - de ‘Olympyjër’ neamden syn opponinten him - hat Perikles him as politikus in demokratyske fisy eigen makken en stelde hy him yn tsjinst fan syn heitestêd Atene, dy't dêrtroch de antike demokrasy by útstek waard en de supremaasje ferkrige yn de Grykske wrâld. Hy hat er foar soarge dat arbeiders goed yn harren libbensûnderhâld foarsjen koenen troch in soad bouprojekten op de Akropolis útein te setten. Earme boargers koenen har opwurkje, sadat elkenien him mei steatsaken dwaande hâlden koe.