Katalaansk: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gjin feroaring yn grutte ,  6 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (Removing Link FA template (handled by wikidata))
No edit summary
Yn Andorra, is it Katalaansk de offisjele taal. Yn Spanje wurdt it sprutsen yn [[Kataloanje]], op de [[Balearen]] en yn in part fan [[Falensia]]. It is yn dy gebieten in offisjele taal, lykas it Spaansk. Oer de grinzen fan dizze gebieten wurdt de taal ek noch sprutsen, mar dêr is dy net offisjeel. Yn Itaalje wurdt in âld dialekt fan it Katalaansk allinnich sprutsen yn [[Algêro]] op [[Sardynje]], dêr't it ek in offisjele taal is, njonken it [[Italjaansk]]. Yn Frankryk wurdt it sprutsen yn [[Roussillon]]. It Katalaansk hat likernôch 12 miljoen sprekkers, foar it grutste part yn Spanje.
 
It Katalaansk is lykas oare Romaanske talen ûntstien út it [[Latyn]], dat troch de [[Romeinen]] nei Spanje brocht is, en hat him dêr fierder ûntwikkele. Yn de [[15e ieuiuw|15e]], [[16e ieuiuw|16e]] en [[17e ieuiuw]] wie it Katalaansk ferbean, en yn de tiid fan [[Francisco Franco|Franco]] wie dat wer sa, mar op it stuit wurdt it lokaal mear brûkt as it Spaansk.
 
Yn Falensia wurdt dizze taal ''Falensiaansk'' neamd. Der binne lju dy't sels hawwe wolle dat it Falensiaansk in aparte taal is, mar it ferskil tusken de [[dialekt]]en yn Falensia en yn Kataloanje is net grut. It is sels sa dat de ferskillen binnen Falensia grutter binne as de ferskillen tusken buordialekten binnen en bûten Falensia.
10.424

bewurkings

Navigaasjemenu