Sompe: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Anderen - moeras.jpg|thumb|right|300px|In sompe by Anderen yn Drinte.]]
[[Ofbyld:Anderen - moeras.jpg|thumb|right|300px|In sompe by Anderen yn Drinte.]]


In '''sompe''', '''somp''', '''moeras''' of '''ûnlân''' is in oergongsgebiet tusken wetter en lân. It bestiet út in gebiet dat regelmjittich oerstreamd wurdt mei wetter, wêrnei't it stadichoan wer opdroeget.
In '''sompe''', '''somp''', '''moeras''' of '''ûnlân''' is in oergongsgebiet tusken wetter en lân. It bestiet út in gebiet dat regelmjittich oerstreamd wurdt mei wetter, wêrnei't it stadichoan wer opdrûget.


Sompen wurde skaaimerke troch in bysûnder ferskaat oan plant- en bistesoarten. Yn sompen binne in protte [[gerzen|gers]]soarten te finen. Ek [[reid]], [[tuorrebout]] en oare krûdeftige-plânten binne in protte te finen yn de omkriten fan sompen. It wetter yn in sompe kin sawol [[farskwetter|farsk-]] as [[sâltwetter]] wêze. Foar guon bisten is in sompe de wichtichste lokaasje as briedplak.
Sompen wurde skaaimerke troch in bysûnder ferskaat oan plant- en bistesoarten. Yn sompen binne in protte [[gerzen|gers]]soarten te finen. Ek [[reid]], [[tuorrebout]] en oare krûdeftige-plânten binne in protte te finen yn de omkriten fan sompen. It wetter yn in sompe kin sawol [[farskwetter|farsk-]] as [[sâltwetter]] wêze. Foar guon bisten is in sompe de wichtichste lokaasje as briedplak.

De ferzje fan 14 mrt 2016 om 10.01

In sompe by Anderen yn Drinte.

In sompe, somp, moeras of ûnlân is in oergongsgebiet tusken wetter en lân. It bestiet út in gebiet dat regelmjittich oerstreamd wurdt mei wetter, wêrnei't it stadichoan wer opdrûget.

Sompen wurde skaaimerke troch in bysûnder ferskaat oan plant- en bistesoarten. Yn sompen binne in protte gerssoarten te finen. Ek reid, tuorrebout en oare krûdeftige-plânten binne in protte te finen yn de omkriten fan sompen. It wetter yn in sompe kin sawol farsk- as sâltwetter wêze. Foar guon bisten is in sompe de wichtichste lokaasje as briedplak.

Yn wêzen is de sompe in tuskenfaze yn de ûntwikkeling dy't yn stân hâlden wurdt troch bisten of minsken. By bisten moate wy tinke oan bygelyks de Eastfardersplassen yn Flevolân. Hjir hâlde guozzen harren eigen libbensgebiet yn stân troch it iten fan reid. As der in tiidlang lykwols neat bart, dan sil in sompe stadichoan ‘ferlânje’. It wurdt dan dus wer gewoan lân.

Oan de kust bestean ek sompen, de saneamde ‘tijsompen’. Dizzen binne meastal te finen by de mûnings fan rivieren en tusken sânbanken tichtby de kust en it fêstelân. Se besteane út gebieten mei in protte sân of tinne klaai. De Tantramar Sompen yn East-Kanada binne hjir in foarbyld fan.

By in sompe fynt faak in ôfbraak proses plak fan deade planten en bisten. Dit proses produsearret gassen dy’t sompegassen hjitte. Dat gas kin troch sels-ûntflamming as dwaalljocht, in ljochtblau ljocht, boppe in sompe sjoen wurde.

Hjoed de dei wurde troch minsken ek wel keunstmjittige sompen oanlein om bygelyks ôffalwetter út fifers te suverjen.

List fan sompen

In foto fan in sompe yn Florida.

Noard-Amearika

Súd-Amearika

Jeropa

Afrika

Oseaanje

Keppelings om utens