Telefyzje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
L PiefPafPier moved page Televyzje to Telefyzje over redirect: omstaverje
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 9 mrt 2016 om 11.33

Telefyzjetastel

Telefyzje (ek wol: Tillefyzje) is in massamedium wêrby bylden en lûd trochjûn wurde nei telefyzjetastellen. De tastellen wurde meastal koartwei ek TV neamd. Mei telefyzje wurde ornaris ek de TV-stjoerders en de byhearrende technyk fan it telefyzje meitsjen oantsjut.

Technyk

In telefyzjekamera set bylden en lûd om yn elektroanyske sinjalen, dy't troch it ûntfangende telefyzjetastel omset wurde yn byld en lûd. De ûntfanger krijt de sinjalen fia antenne ('ierdske sinjalen' of satellyt) of kabel. Hoe't lûd en byld trochjûn wurde, is ôfhinklik fan de TV-standert. By de oerdrachtstandert wurdt meast in ûnderskie makke wurde tusken analoge en digitale telefyzje.

Hjoed de dei binne der ferskate manieren om telefyzje te ûntfangen:

  • Analooch oer de eter
  • Digitaal oer de eter: DVB-T/Digitenne
  • Analooch oer de kabel
  • Digitaal oer de kabel: Digital Video Broadcast (DVB-Cable)
  • Digitaal oer de satellyt (skûtelantenne): Digital Video Broadcast (DVB-Satellite)
  • Digitaal oer in breedbânynternetferbining (ADSL, kabelynternet)
  • Digitaal en analooch mei glêsfezel

Skiednis

Yn de tritiger jierren fan de 20e ieu kaam it medium telefyzje fan 'e grûn. Yn 1929 wienen der yn Dútslân al eksperiminten mei de oerdracht fan telefyzje. Yn 1936 wienen de Olympyske Spullen fan Berlyn live op telefyzjes yn Berlyn en Leipzig te sjen.

Yn de fjirtiger jierren waard telefyzje yn de Feriene Steaten en Grut-Brittanje ûnder tafersjoch fan it regear stadichoan in massamedium. Yn de Feriene Steaten waard jild ynbard troch advertinsjes, yn Grut-Brittanje moasten telefyzjebesitters in bydrage betelje.

Yn de jierren fyftich waard yn de Feriene Steaten eksperimintearre mei kleuretelefyzje. De kleuretelefyzje sette pas goed troch yn de lette sechtiger jierren. Yn 1967 waard de kleuretelefyzje ynfierd yn Europa.