Arabysk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 28: Rigel 28:
De standertfoarm fan de taal hjit ''Klassyk Arabysk''. Dy foarm wurdt yn boeken, yn 'e media en yn de religieuze lear brûkt; it is in offisjele taal yn alle Arabyske lannen. Der is lykwols, lykas mei oare skrifttalen, in dúdlik ferskil tusken de skreaune foarm fan it Klassyk Arabysk en de sprutsen foarm. Of de foarmen as twa aparte talen beskôge wurde moatte is net eltsenien it oer iens.

Yn it deistich libben wurdt in grutte tal fan lokale dialekten praat; dy dialekten wurde net skreaun. In algemiene sprektaal is der net. As de minsken yn de Arabyske wrâld dan mei-inoar kommunisearje dogge se dat faak yn it dialekt fan [[Kairo]]. Yn Arabyske films en televyzjeprogramma’s foar in ynternasjonaal publyk wurdt nammentlik oer it algemien dat dialekt brûkt. It wurdt yn it grutste diel fan de Arabyske wrâld ridlik ta hiel goed begrepen en hat in status dy’t mooglik te ferlykjen is mei dy fan it [[Amerikaansk Ingelsk]] yn de westerske wrâld.
Yn it deistich libben wurdt in grutte tal fan lokale dialekten praat; dy dialekten wurde net skreaun. In algemiene sprektaal is der net. As de minsken yn de Arabyske wrâld dan mei-inoar kommunisearje dogge se dat faak yn it dialekt fan [[Kairo]]. Yn Arabyske films en telefyzjeprogramma’s foar in ynternasjonaal publyk wurdt nammentlik oer it algemien dat dialekt brûkt. It wurdt yn it grutste diel fan de Arabyske wrâld ridlik ta hiel goed begrepen en hat in status dy’t mooglik te ferlykjen is mei dy fan it [[Amerikaansk Ingelsk]] yn de westerske wrâld.

De wichtichste ferskillen tusken de dialekten binne net geografysk mar sosjologysk. De Arabyske dialekten falle earst útinoar yn bedoeïnedialekten en sedentêre dialekten. De sendentêre dialekten kin men wer opdiele yn steds- en plattelânstaal, de bedoeïnedialekten kinst fierder ferdiele yn dialekten fan lyts-feenomaden en kameelnomaden. It dúdlikste kritearium om it dialekt te bepalen is de útspraak fan de letter ''qāf'' (q). Dat útspraakferskil giet werom nei de tiid foar de islamityske en de Arabyske ekspânsje. Pas nei't it Arabysk him oer grutte dielen fan Afrika en Aazje ferbraat hie ûntstienen de oare dialektferskillen. Dan noch moat men mei dizze typearingen útsjen: Yn ferskate stêden (lykas [[Bagdad]] en [[Tripoly]]) praat de befolking in bedoeïnedialekt (ôm't de ynwenners fan in bedoeïnestam ôfstamme), wylst foaral yn Egypte it stêdsk ek op it lân te hearren is.

De ferzje fan 9 mrt 2016 om 08.23

Arabysk
(اللغة العربية, al-luġatu ʾl-ʿarabīya)
Tal sprekkers: 280 miljoen
Alfabet: Arabysk
Taalkoades
ISO 639-1: ar
ISO 639-2: ara
ISO 639-3: ara
Side út de Koaran yn it Arabysk
Side út de Koaran yn it Arabysk

It Arabyske is in taal út de Afro-Aziatyske taalfamylje. Krekt as it Hebrieusk en it Arameesk heart it dêrbinnen by de Semityske talen. It wurdt praat yn in grut diel fan it Heine Easten en oan de noardkust fan Afrika, yn likernôch 22 lannen.

Islam

It Arabysk is de religieuze taal fan mohammedanen, en de taal dêr't it hillige boek fan de Islam, de Koaran yn skreaun is. It is net sa dat alle mohammedanen de taal fan hûs út sprekke, mar Arabysk wurdt al leard en brûkt troch mohammedanen de hiele wrâld oer. Ek moslims dy't gjin Arabysk prate, kinne de Koaran faak al lêze of út 'e holle opsizze.

Standerttaal en dialektferskaat

Taalgebiet en dialektferskaat.

De standertfoarm fan de taal hjit Klassyk Arabysk. Dy foarm wurdt yn boeken, yn 'e media en yn de religieuze lear brûkt; it is in offisjele taal yn alle Arabyske lannen. Der is lykwols, lykas mei oare skrifttalen, in dúdlik ferskil tusken de skreaune foarm fan it Klassyk Arabysk en de sprutsen foarm. Of de foarmen as twa aparte talen beskôge wurde moatte is net eltsenien it oer iens.

Yn it deistich libben wurdt in grutte tal fan lokale dialekten praat; dy dialekten wurde net skreaun. In algemiene sprektaal is der net. As de minsken yn de Arabyske wrâld dan mei-inoar kommunisearje dogge se dat faak yn it dialekt fan Kairo. Yn Arabyske films en telefyzjeprogramma’s foar in ynternasjonaal publyk wurdt nammentlik oer it algemien dat dialekt brûkt. It wurdt yn it grutste diel fan de Arabyske wrâld ridlik ta hiel goed begrepen en hat in status dy’t mooglik te ferlykjen is mei dy fan it Amerikaansk Ingelsk yn de westerske wrâld.

De wichtichste ferskillen tusken de dialekten binne net geografysk mar sosjologysk. De Arabyske dialekten falle earst útinoar yn bedoeïnedialekten en sedentêre dialekten. De sendentêre dialekten kin men wer opdiele yn steds- en plattelânstaal, de bedoeïnedialekten kinst fierder ferdiele yn dialekten fan lyts-feenomaden en kameelnomaden. It dúdlikste kritearium om it dialekt te bepalen is de útspraak fan de letter qāf (q). Dat útspraakferskil giet werom nei de tiid foar de islamityske en de Arabyske ekspânsje. Pas nei't it Arabysk him oer grutte dielen fan Afrika en Aazje ferbraat hie ûntstienen de oare dialektferskillen. Dan noch moat men mei dizze typearingen útsjen: Yn ferskate stêden (lykas Bagdad en Tripoly) praat de befolking in bedoeïnedialekt (ôm't de ynwenners fan in bedoeïnestam ôfstamme), wylst foaral yn Egypte it stêdsk ek op it lân te hearren is.

Skrift

Arabysk wurdt yn it Arabyske skrift skreaun, in skrift dat fan rjochts nei lofts rint. Dat Arabyske skrift wurdt ek brûkt foar in soad oare talen, bygelyks Persysk en Urdû. Krekt as it Latynske skrift giet it Arabyske skrift werom op it Fenisyske skrift. Ut it orizjinele Fenisyske skrift is it Nabeaanske skrift ûntstean, wat de direkte âldfaar fan it Arabyske skrift west hat.