Ferskil tusken ferzjes fan "Kavalery"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
 
==Skiednis==
De kavalery bestiet al hast salang't de [[minske]] [[oarloch]] fierd hat. Hjirby gie it yn it ferline útslutend om troepen [[hynder|te pearde]]; soldaten dy't op oare bisten rieden, lykas [[kamiel]]en of [[oaljefant]]en, waarden ornaris net oantsjut as 'kavalery'. De kavalery ûnderskiedt him fierders fan 'e beide oare tradysjonele ûnderdielen fan 'e lânmacht, te witten de [[artillery]] (it swiere geskut) en de [[ynfantery]] (it fuotfolk). Ynfanteristen dy't har op hynders ferpleatsten om mobiler te wêzen, mar ôfstigen om te fjochtsjen, waarden yn 'e [[17e ieuiuw|santjinde]] en iere [[achttjinde ieuiuw]] [[dragonder]]s neamd, mar letter ûntjoech him in aparte klasse fan [[beriden ynfantery]], wylst dragonders ta wiere kavaleristen waarden.
 
Fan 'e ierste tiden ôf hie de kavalery it foardiel fan mobiliteit boppe de gewoane ynfantery. Boppedat hie immen dy't fan 'e rêch fan in hynder ôf focht it foardiel fan hichte boppe ien dy't op 'e grûn stie. En dêropta waarden [[striidhynder]]s faak treend om 'e fijân fan 'e berider te skoppen en te biten. In neidiel wie lykwols dat de kavalery yn 'e regel lichter bewapene wie as de ynfantery. Mei lju dy't net treend wiene om it tsjin hynstefolk op te nimmen of formaasjes dy't útinoarfallen wiene, makke de kavalery sadwaande ornaris koarte metten, mar in wisberette kloft ynfanteristen dy't in oaniensletten formaasje behold en oer wapens beskikte (lykas [[spear]]en of [[gewear]]en) wêrmei't men de kavaleristen fan in ôfstân te liif koe, koe him de kavalery oer it algemien goed fan it liif hâlde. Om't de beide ûnderdielen ferskillende funksjes ferfollen, beskikten frijwol alle legers oer sawol kavalery as ynfantery.
 
Yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] waard de kavalery foarme troch [[ridder]]s, dy't swier pânsere (yn [[harnas]]) de striid mei-inoar of mei it fuotfolk oangiene. Yn dy tiid bewapene it fuotfolk him mei saneamde [[helleburd]]en, lange stokken mei dêroan [[bile]]blêden, [[spear]]punten en heakken, dêr't se de ridders mei berikke en út it seal skuorre koene. Nei't de swiere bepânsering syn wearde ferlear om't [[fjoerwapen]]s yn 'e moade kamen dy't troch de measte harnassen hinne skeaten, joech de kavalery geandewei de [[Renêssânse]] de bepânsering op, al bleaune [[boarstkuras]]sen, dy't inkled it [[boarst]] bedutsen en in beskate beskerming beaën tsjin [[lâns (wapen)|lânsen]] en [[sabel]]s, oant yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] foar in diel fan 'e kavalery yn 'e moade.
[[File:Lietuvos kavalerija.Lithuanian cavalry.jpg|thumb|left|320px|[[Litouwen|Litouske]] lânsiers oan it oefenjen yn 'e [[1930]]-er jierren.]]
 
==Soarten histoaryske kavalery==
[[File:W-3 Sokół.jpg|thumb|right|250px|Moderne kavalery: in [[PZL W-3 Sokół]]-[[helikopter]] fan 'e [[Poalen|Poalske]] 25e Loftmobile Kavalery Brigade.]]
Histoarysk bestiene der ferskate soarten kavalery. Oan it begjin fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] wie de kavalery yn 'e measte [[Jeropa|Jeropeeske]] legers sa yndield:<ref>Vels Heijn, dr. N., ''Waterloo: Glorie zonder Helden'', Amsterdam, 1990 (De Bataafsche Leeuw), ISBN 9 06 70 71 579, s. 48.</ref>
* [[lichte kavalery]]
** [[huzaar|huzaren]] (yn guon lannen [[ulaan|ulanen]] neamd)
10.424

bewurkings

Navigaasjemenu