De Dream fan it Krús: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
ynfoboks
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9: Rigel 9:
| foarm = [[poëzij]]
| foarm = [[poëzij]]
| sjenre = [[gedicht]]
| sjenre = [[gedicht]]
| skreaun = [[8e ieu]]
| skreaun = [[8e iuw]]
| 1e publikaasje =
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
| 1e opfiering =
Rigel 26: Rigel 26:
| ISBN oers. =
| ISBN oers. =
}}
}}
'''''De Dream fan it Krús''''', yn it oarspronklike [[Aldingelsk]]: '''''The Dream of the Rood''''' (''rood'' is besibbe oan ús wurd "roede"), is in anonym [[Midsieuwen|Midsieusk]] [[gedicht]] dat oerlevere is yn it [[tsiende ieu|tsiende-ieuske]] ''[[Vercelli Book]]'', ien fan fjouwer bewarre bleaune manuskripten fan [[Angelsaksysk]]e [[poëzij]]. It bestiet út 156 [[alliteraasje|alliterative]] fersregels, en ferhellet oer de [[krusiging]] fan [[Jezus Kristus]] sjoen fanút it perspektyf fan it krús. Mei't in fragmint fan it gedicht yn it [[achtste ieu|achtste-ieuske]] saneamde [[Krús fan Ruthwell]] kurven wie (in 5½ m heech frijsteand [[Angelsaksen|Angelsaksysk]] krús dat nei gedachten brûkt waard as in helpmiddel by bekearings), wit men likernôch yn hokker tiid oft men ''De Dream fan it Krús'' datearje kin. Hoewol't it in anonym wurk is, wurde as mooglike [[skriuwer]]s sadwaande wol de Angelsaksyske [[dichter]]s [[Caedmon]] en [[Cynewulf]] neamd. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] waard publisearre yn [[1986]].
'''''De Dream fan it Krús''''', yn it oarspronklike [[Aldingelsk]]: '''''The Dream of the Rood''''' (''rood'' is besibbe oan ús wurd "roede"), is in anonym [[Midsiuwen|Midsiuwsk]] [[gedicht]] dat oerlevere is yn it [[tsiende iuw|tsiende-iuwske]] ''[[Vercelli Book]]'', ien fan fjouwer bewarre bleaune manuskripten fan [[Angelsaksysk]]e [[poëzij]]. It bestiet út 156 [[alliteraasje|alliterative]] fersregels, en ferhellet oer de [[krusiging]] fan [[Jezus Kristus]] sjoen fanút it perspektyf fan it krús. Mei't in fragmint fan it gedicht yn it [[achtste iuw|achtste-iuwske]] saneamde [[Krús fan Ruthwell]] kurven wie (in 5½ m heech frijsteand [[Angelsaksen|Angelsaksysk]] krús dat nei gedachten brûkt waard as in helpmiddel by bekearings), wit men likernôch yn hokker tiid oft men ''De Dream fan it Krús'' datearje kin. Hoewol't it in anonym wurk is, wurde as mooglike [[skriuwer]]s sadwaande wol de Angelsaksyske [[dichter]]s [[Caedmon]] en [[Cynewulf]] neamd. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] waard publisearre yn [[1986]].
[[File:Ruthwell Cross - west face.jpg|thumb|left|150px|In replika fan it [[Krús fan Ruthwell]] of ''Ruthwell Cross''.]]
[[File:Ruthwell Cross - west face.jpg|thumb|left|150px|In replika fan it [[Krús fan Ruthwell]] of ''Ruthwell Cross''.]]


Rigel 51: Rigel 51:
[[Kategory:Poëzy]]
[[Kategory:Poëzy]]
[[Kategory:Gedicht]]
[[Kategory:Gedicht]]
[[Kategory:Midsieuske literatuer]]
[[Kategory:Midsiuwske literatuer]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]

De ferzje fan 16 feb 2016 om 18.29

De Dream fan it Krús
algemiene gegevens
oarspr. titel The Dream of the Rood
auteur Caedmon?
Cynewulf?
taal Aldingelsk
foarm poëzij
sjenre gedicht
skreaun 8e iuw
bondel Vercelli Book
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Dream fan it Krús
publikaasje 1986, yn HJIR
oersetter Klaas Bruinsma

De Dream fan it Krús, yn it oarspronklike Aldingelsk: The Dream of the Rood (rood is besibbe oan ús wurd "roede"), is in anonym Midsiuwsk gedicht dat oerlevere is yn it tsiende-iuwske Vercelli Book, ien fan fjouwer bewarre bleaune manuskripten fan Angelsaksyske poëzij. It bestiet út 156 alliterative fersregels, en ferhellet oer de krusiging fan Jezus Kristus sjoen fanút it perspektyf fan it krús. Mei't in fragmint fan it gedicht yn it achtste-iuwske saneamde Krús fan Ruthwell kurven wie (in 5½ m heech frijsteand Angelsaksysk krús dat nei gedachten brûkt waard as in helpmiddel by bekearings), wit men likernôch yn hokker tiid oft men De Dream fan it Krús datearje kin. Hoewol't it in anonym wurk is, wurde as mooglike skriuwers sadwaande wol de Angelsaksyske dichters Caedmon en Cynewulf neamd. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard publisearre yn 1986.

In replika fan it Krús fan Ruthwell of Ruthwell Cross.

Ynhâld

Yn De Dream fan it Krús hat de ferteller in dream (of mooglik in fizioen) fan it krús dêr't Jezus op krusige is. Yn it foarste diel (r. 1-27) sjocht er hoe't it krús mei ealstiennen ynlein is en hoe min oft er sels is yn ferliking mei it glorieuze krús. Stadichoan wurdt er him der lykwols fan bewust dat it middenmank de ealstiennen besmodzge is mei bloedplakken.

Yn it twadde part (r. 28-121) sprekt it krús de ferteller ta en dielt it mei him it ferhaal fan 'e krusiging fan Jezus. It tsjûgenis wurdt ferteld fanút it perspektyf fan it krús sels en begjint as de beam omkappe en fuortdroegen wurdt om ta balken seage te wurden. Al rillegau ûntdekt it krús dat hy net foarbestimd is om in misdiediger te dragen, mar ynstee de Soan fan God. Kristus en it krús wurde ien en hâlde tegearre stân. Se nimme ûndraachlike pine op har om 'e minskheid te ferlossen fan syn sûnden. It is ommers net inkeld Jezus, mar ek it krús dat mei spikers trochboarre wurdt.

Dêrby wurdt it krús foarsteld as in tsjinstfeint of fazal dy't syn hear sels yn 'e tsjusterste oere trou bliuwt en tegearre mei him bespot en tramtearre wurdt. Neitiid stiet it krús, krektlyk as Jezus, wer op, en wurdt it fersierd mei goud en sulver en ealstiennen. It wurdt fereare boppe alle oare beammen, krekt sa't Jezus fereare wurdt boppe alle minsken. It krús beëiniget syn tsjûgenis mei de ferteller op te dragen om it ferhaal fierder te fertellen.

Yn it trêde part fan it gedicht (r. 122-156) beprakkesearret de skriuwer syn dream of fizioen. Hy tanket God foar wat er sjoen hat en rekket fol fan hope op it ivige libben en de winsk om jitris it glorieuze krús nei-oan te wêzen.

Fryske oersetting

De Fryske oersetting fan The Dream of the Rood ferskynde yn 1986 yn it tydskrift HJIR ûnder de titel De Dream fan it Krús, mei in ynformative ynlieding fan 'e oersetter. Dy oersetter wie Klaas Bruinsma, dy't letter benammen bekend wurden is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Anonimus, De Dream fan it Krús (oers. Klaas Bruinsma), yn: HJIR, 1986, ôfl. 3, s. 4-7.
  • Bruinsma, Klaas, Ynlieding ta "De Dream fan it Krús", yn: HJIR, 1986, ôfl. 3, s. 2-3.

Foar sekundêre literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further Reading, op dizze side.