Webcamgirl: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
 
kt
Rigel 17: Rigel 17:
[[Kategory:Webcamgirl| ]]
[[Kategory:Webcamgirl| ]]
[[Kategory:Neakenmodel]]
[[Kategory:Neakenmodel]]
[[Kategory:Sekswurker]]
[[Kategory:Ynternet]]
[[Kategory:Ynternet]]
[[Kategory:Seksualiteit]]
[[Kategory:Seksualiteit]]

De ferzje fan 15 jan 2016 om 14.05

Pornoaktrise Kendra Lust sette har karriêre útein as webcamgirl.

In webcamgirl (soms ferkoarte ta camgirl) is in neakenmodel dat wurket fia live-bylden dy't opnommen wurde mei in webcam en oer it ynternet ferstjoerd wurde. Om't der ek wol manlju binne dy't dit wurk dogge (hoewol't dat mar in lytse minderheid is) wurdt ek wol sprutsen fan it geslachtsneutrale webcam-model. It wurk fan webcamgirls bestiet út it opfieren fan stripteases en/of it ferrjochtsjen fan seksuële hannelings by harsels yn opdracht, yn oerlis of elts gefal yn kontakt mei lju dy't de bylden fia it ynternet besjogge. Dat kinne se dwaan yn ruil foar guod of oandacht, mar meastal is der sprake fan in finansjele transaksje. Der is lykwols gjin sprake fan prostitúsje yn tradysjonele sin fan dat wurd, om't der gjin fysyk kontakt plakfynt.

Webcamgirls wurkje gauris foar in fêste priis dy't per minút rekkene wurdt, mar dêrnjonken kinne se ek ynkomsten út oare boarnen krije, bgl. as se harren sjoggers oanmoedigje om dingen (meastal seksboartersguod of sokssawat) te keapjen fan beskate webwinkels, of as harren sjoggers oanfiterje om lid te wurden fan beskate pornografyske betelwebsiden. It lean dat webcamgirls foar sok wurk krije, ferskilt per webside, mar bestiet yn 'e regel út in fêst bedrach, dat soms in bounty ("preemje") neamd wurdt, en dat basearre is op in persintaazje fan bruto-útjeften fan eltse nije klant dy't him by sa'n betelsite oanmeldt.

Guon bekende webcamgirls binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.