Skoatterlânske Kompanjonsfeart: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Streuper (oerlis | bydragen)
liemen wâlen
Rigel 11: Rigel 11:


De súdkant fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart waard de draaikeskant neamd.
De súdkant fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart waard de draaikeskant neamd.

Troch it útgraven fan'e feart en de wiken leine hjirlâns de liemen wâlen.


Yn de jierren 60 waard it part tusken It Hearrenfean en De Knipe tichtsmiten. Dat trochgeande [[skipfeart]] kin net mear.
Yn de jierren 60 waard it part tusken It Hearrenfean en De Knipe tichtsmiten. Dat trochgeande [[skipfeart]] kin net mear.

De ferzje fan 1 jan 2016 om 16.11

De Skoatterlânske Kompanjonsfeart, earst Grift neamd, is in wetter tusken De Knipe en de Nije Wei by Aldhoarne. Eartiids rûn it oan de âlde tramline Weinterp-Donkerbroek ta. It is in feanfeart.

Skiednis

Yn 1551 begûn men foar de feanûntginning yn It Hearrenfean fan de Hearresleat yn eastlike rjochting te graven, lâns de doarpen De Knipe, Bontebok, Jobbegea - mei in ôfsplitsing rjochting De Tsjonger - en Hoarnstersweach. By Bontebok, Aldhoarne en Jobbegea wienen slúskes.

Tusken De Gordyk en Donkerbroek rint de Skoatterlânske Kompanjonsfeart bylâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart.

Yn de feart leine fjouwer slûzen om it hichteferskil te oerbrêgjen. De feart hie twa funksjes: de krite koe der troch ûntwettere wurde en it wie in farwei. De turf waard ôffierd mei skûtsjes en it kanaal wie, by gebrek oan wegen, de ienige wize fan ferfier.

De súdkant fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart waard de draaikeskant neamd.

Troch it útgraven fan'e feart en de wiken leine hjirlâns de liemen wâlen.

Yn de jierren 60 waard it part tusken It Hearrenfean en De Knipe tichtsmiten. Dat trochgeande skipfeart kin net mear.

Skoatterlânske Kompanjonsfeart by De Knipe