Amnesty: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
 
L red
 
Rigel 1: Rigel 1:
'''Amnesty''' (fan it [[Gryksk]]e ἀμνηστία, ''amnestia'', "ferjiteftichheid") is de kwytskelding fan skuld, ferliend troch de oerheid oan in persoan of in groep of klasse fan persoanen dy't al feroardiele is/binne foar in [[misdriuw]] of dêr noch foar berjochte wurde moatte. Meastal giet it by in offisjele foarm fan amnesty om lju dy't har skuldich makke hawwe oan [[polityk|politike misdriuwen]] (bgl. [[ferrie]] of dielname oan in [[opstân]]).

In amnesty is mear as in [[pardon (strafrjocht)|pardon]], mei't in pardon inkeld de bestraffing stilleit, wylst in amnesty eltse [[wet]]like oantins oan it misdriuw útwisket. Dus mei oare wurden: immen dy't ûnder in pardon falt, wurdt net bestraft foar in misdriuw dêr't hy of sy skuldich oan is, mar immen dy't amnesty krigen hat, kriget net allinnich gjin straf, mar hat foar de wet nea wat misdien.
In amnesty is mear as [[graasje (strafrjocht)|graasje]], mei't graasje inkeld de bestraffing stilleit, wylst in amnesty eltse [[wet]]like oantins oan it misdriuw útwisket. Dus mei oare wurden: immen dy't ûnder graasje falt, wurdt net bestraft foar in misdriuw dêr't hy of sy skuldich oan is, mar immen dy't amnesty krigen hat, kriget net allinnich gjin straf, mar hat foar de wet nea wat misdien.

In amnesty wurdt op in beskaat mêd soms absolút ôfkundige, mar meastal wurde der ferskate spesifikaasjes oan tafoege, dy't faak guon lju fan 'e amnesty útslute. In goed foarbyld dêrfan wurdt foarme troch it âldste bekende gefal fan amnesty, dat generaal [[Trasybulus]] yn 403 f.Kr. ôfkundige doe't yn it âlde [[Atene]] fannijs de [[demokrasy]] ynfierd wie, nei de ôfsetting fan 'e [[diktatuer|diktatoriale]] [[Oligargy fan de Tritich]]. By dy amnesty waard nammentlik spesifyk oanjûn dat de tritich [[tiran]]nen sels (en ferskate oaren) fan 'e regeling útsletten wiene.

De hjoeddeiske ferzje sûnt 26 des 2015 om 22.48

Amnesty (fan it Grykske ἀμνηστία, amnestia, "ferjiteftichheid") is de kwytskelding fan skuld, ferliend troch de oerheid oan in persoan of in groep of klasse fan persoanen dy't al feroardiele is/binne foar in misdriuw of dêr noch foar berjochte wurde moatte. Meastal giet it by in offisjele foarm fan amnesty om lju dy't har skuldich makke hawwe oan politike misdriuwen (bgl. ferrie of dielname oan in opstân).

In amnesty is mear as graasje, mei't graasje inkeld de bestraffing stilleit, wylst in amnesty eltse wetlike oantins oan it misdriuw útwisket. Dus mei oare wurden: immen dy't ûnder graasje falt, wurdt net bestraft foar in misdriuw dêr't hy of sy skuldich oan is, mar immen dy't amnesty krigen hat, kriget net allinnich gjin straf, mar hat foar de wet nea wat misdien.

In amnesty wurdt op in beskaat mêd soms absolút ôfkundige, mar meastal wurde der ferskate spesifikaasjes oan tafoege, dy't faak guon lju fan 'e amnesty útslute. In goed foarbyld dêrfan wurdt foarme troch it âldste bekende gefal fan amnesty, dat generaal Trasybulus yn 403 f.Kr. ôfkundige doe't yn it âlde Atene fannijs de demokrasy ynfierd wie, nei de ôfsetting fan 'e diktatoriale Oligargy fan de Tritich. By dy amnesty waard nammentlik spesifyk oanjûn dat de tritich tirannen sels (en ferskate oaren) fan 'e regeling útsletten wiene.

Foarbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In pear ferneamde gefallen fan amnesty wiene:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.