Wergea: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
18 bytes lytser ,  6 jier lyn
L (Ik haw in flaterke oanpast.)
=== De Tsien fan Martens Afke ===
Wergea is it plak fan de [[De tsien fan Martens Afke]] fan [[Nynke van Hichtum]]. De Wergeaster húshâlding Veenstra dy't beskreaun wurdt yn it boek is ferivige yn brûns. It troch [[Suze Berkhout]] ûntwurpen byld stiet yn it plantsoen oan de Nije Ljouwerterdyk.<br>
Yn 1903 kaam it boek "Afkes Tiental" út. De earste jierren waard it min ferkocht, oant 1906, doe't it ynienen yn de belangstelling kaam. It boek waard letter werprinte yn in soad talen. Yn it boek beskriuwt [[Sjoukje Bokma-de Boer]] - skûlnamme [[Nynke van Hichtum]] - de earste frou fan Mr. [[Pieter Jelles Troelstra]], op prachtige wize it lek en brek fan in Fryske arbeidershúshâlding oan de ein fan de njoggentjinde ieu.
Hiltje Feenstra, yn it boek letter Wiepkje, hie twa jier lang tsjinstfaam by har, yn it hûs oan de Ferlingde Skrâns yn Ljouwert west. Fan har en út har besites oan mem Afke, yn werklikheid Harmke Feenstra-Tuinstra, hat de skriuwster de gegevens foar har boek helle.<br>
It Afkes Tsiental-byldsje is yn 1970 ûntbleate troch de, doe noch libjende soan Ale Feenstra (yn it boek lytse Wiebe) en beppesizer Harmke Wijma-de Vries. Prinses Margriet wie by de ûnthulling, krektas frou Tjits Eisenga-de Groot, dy't it Afkes-Tsiental-boek yn it Frysk Oersette. It húske dêr't Marten en Afke mei harren tsien bernn (eigentlik tolve, want neidat it boek útkaam, waarden der noch tws spruten berne), stie efter it hûs oan de Hillebuorren 8. De stege dêrhinne bestiet noch.

Navigaasjemenu