Publishers Weekly: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 13 des 2015 om 00.57

Publishers Weekly
algemiene ynformaasje
hist. namme The Publishers' Weekly
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre faktydskrift, literêr tydskrift
frekwinsje 1x wyks
bestean 1872 – no
oprjochter Frederick Leypoldt
plak haadred. New York (New York)
útjouwer PWxyz LLC
oplaach 15.778 (2015)
ISSN 0000-0019
offisjele webside
www.publishersweekly.com

Publishers Weekly (PW) is in Amerikaansk wykblêd en literêr tydskrift, dat him foar syn lêzerspublyk as fakblêd taleit op útjouwers, bibletekarissen, boekferkeapers, literêre aginten en literatuerkritisy. It bestiet sûnt 1872 en ferskynt 51 kear yn 't jier by de eigen útjouwerij PWxyz LLC. Tsjintwurdich leit de klam benammen op 'e resinsjes fan nijferskynde boeken.

Skiednis

Publishers Weekly waard oprjochte troch de yn Dútslân berne Amerikaanske bibliograaf Frederick Leypoldt, dy't oan 'e ein fan 'e 1860-er jierren foar it earst it idee foar sa'n faktydskrift krige. Hy liet ferskate titels yn him omgean, oant er úteinlik keas foar The Publishers' Weekly ("It Wykblêd fan de Utjouwer"). It lidwurd en de apostrof ferdwûnen geandewei de tweintichste ieu út 'e titel. Yn 1872 ferskynde de earste edysje, en fan doe ôf oant no ta is it tydskrift oan ien stik wei ferskynd.

Yn 't earstoan bestie de ynhâld fan it blêd út in kompilaasje fan ynformaasje dy't fersoarge waard troch ûnderskate útjouwers en sammele waard út oare boarnen. It publyk dêr't it blêd op rjochte wie, bestie benammentlik út boekferkeapers. Fjouwer jier nei de oprjochting, yn 1876, waard Publishers Weekly lêzen troch njoggen fan de tsien Amerikaanske boekferkeapers. Yn 1878 die Leypoldt it tydskrift mei syn tiidrôvjende gearstalling oer oan syn freon Richard Rogers Bowker, sadat hy wer oare dingen ûndernimme koe.

Stadichoan begûn de ynhâld te ferskowen nei ien dy't rjochte wie op in algemiener publyk, mei artikels en rubriken. Under it haadredakteurskip fan Harry Thurston Peck waarden yn 1895 de earste bestsellerlisten opnommen, al waarden dy pas yn 1917 skifte yn aparte listen foar fiksje en non-fiksje. In grut diel fan 'e tweintichste ieu, mear as fjouwer desennia lang, stie Publishers Weekly ûnder lieding fan haadredakteur Frederic Gershom Melcher, dy't yn it blêd romte frijmakke foar ynformaasje oer berneboeken. Pas yn 'e 1940-er jierren waarden de earste boekresinsjes yn it tydskift opnommen. Dy waarden stadichoan wichtiger, en foarmje hjoed de dei de haadmoat fan 'e ynhâld.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.