Ferdinand de Jong: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
→‎Wurk: Nij boek
Rigel 14: Rigel 14:
* 2012: ''De lêste trúk''
* 2012: ''De lêste trúk''
* 2014: ''Bedoarne hannel''
* 2014: ''Bedoarne hannel''
* 2015: ''De Nova Scotia staazje''


== Priis ==
== Priis ==

De ferzje fan 7 des 2015 om 21.07

Ferdinand de Jong (It Oranjewâld, 22 febrewaris 1969) is in Frysk skriuwer, dy't yn Boarnburgum wennet.

Biografy

Fan jongs ôf oan hat De Jong graach lêze mocht. Letter skreau er anonym stikjes foar de doarpskrante. Dêrtroch hie er aardichheid krigen oan it skriuwen; it ferhaal foar de earste roman kaam al rillegau yn 'e holle. Doe't er it klear hie, hie De Jong it foarlein oan Klaas Bruinsma, oersetter fan Grykske en oare klassike talen yn it Frysk. Nei dy syn oanwizings, besleat er mei te dwaan oan it projekt 'Skriuw', in begeliedingsprojekt foar begjinnende skriuwers dat organisearre wurdt troch It Skriuwersboun. De Jong krige dêrby begelieding fan Elske en Marja Schotanus.
Yn 2010 ferskynde De Jong syn debútroman mei de titel Guozzeflecht by de Friese Pers. It is in spionaazjeroman opdield yn trije parten, de earste spilet him ôf yn Sibearje. In jier letter, yn 2011, folge syn twadde roman mei de titel 'It dak fan de wrâld'. It is in boek dat de lêzer meinimt nei de heechste berch fan de wrâld, de Mount Everest. Yn 'e maitiid fan 2012 ferskynde syn tredde roman, De lêste trúk. It boek waard presintearre op 1 juny yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert.

Ferdinand de Jong is boeresoan en hat de de Middelbere lânbouskoalle folge, mar boer is er nea wurden. Earst hat er in skoft produksjemeiwurker west yn it suvelfabryk fan Wolvegea. Dêrnei siet er alve jier yn de produksje fan feefoer by Koudijs fan Snits. Hy is op 't stuit as lytse selsstannige oan ’t wurk, hy hat in tal tsjerkhôven ûnder behear.

Yn 2012 wûn De Jong de fiifde Rink van der Veldepriis foar syn twadde boek It dak fan de wrâld.

Wurk

  • 2010: Guozzeflecht
  • 2011: It dak fan de wrâld
  • 2012: De lêste trúk
  • 2014: Bedoarne hannel
  • 2015: De Nova Scotia staazje

Priis

Keppeling om utens