Foet (lingtemjitte): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 76 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q3710
Komôf en beskriuwing fan houtfyk, sjoch http://digital.slub-dresden.de/werkansicht/dlf/17355/9/
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:CD008-Longueur moyenne du pied.jpg|250px|thumb|right|Bepaling fan de trochsneed lingte fan in foet yn in Dútske stêd yn de XV of XVI ieu, nei in houtfyk yn Geometrei troch Jakob Koelbel (Frankfurt, ± 1575).]]
[[Ofbyld:CD008-Longueur moyenne du pied.jpg|thumb|Metoade foar it meitsjen fan in mjitstôk fan 16 foet, nei in houtfyk yn ''Von urspruong der Teilung, Maß und Messung deß Ertrichs der Ecker, Wyngarten, Krautgarten, und anderer Velder'' troch Jacob Köbel (Oppenheim, 1522).]]


De lingtemjitte '''foet''' (Ingelsk: '''foot''', meartal ''feet'') is in [[lingtemjitte|lingte]]-ienheid dy't yn [[Angelsaksysk]]e lannen noch in soad brûkt wurdt. De Feriene Steaten (2004), [[Libearje]] en [[Myanmar]] binne de ienige lannen dy't it [[Système International|SI]] noch gjin wetlike status ferliend hawwe. It ienheidssymboal is '''ft''', of <nowiki>'</nowiki> en yn Nederlân VT.
De lingtemjitte '''foet''' (Ingelsk: '''foot''', meartal ''feet'') is in [[lingtemjitte|lingte]]-ienheid dy't yn [[Angelsaksysk]]e lannen noch in soad brûkt wurdt. De Feriene Steaten (2004), [[Libearje]] en [[Myanmar]] binne de ienige lannen dy't it [[Système International|SI]] noch gjin wetlike status ferliend hawwe. It ienheidssymboal is '''ft''', of <nowiki>'</nowiki> en yn Nederlân VT.

De ferzje fan 21 nov 2015 om 18.22

Metoade foar it meitsjen fan in mjitstôk fan 16 foet, nei in houtfyk yn Von urspruong der Teilung, Maß und Messung deß Ertrichs der Ecker, Wyngarten, Krautgarten, und anderer Velder troch Jacob Köbel (Oppenheim, 1522).

De lingtemjitte foet (Ingelsk: foot, meartal feet) is in lingte-ienheid dy't yn Angelsaksyske lannen noch in soad brûkt wurdt. De Feriene Steaten (2004), Libearje en Myanmar binne de ienige lannen dy't it SI noch gjin wetlike status ferliend hawwe. It ienheidssymboal is ft, of ' en yn Nederlân VT.

Hoewol't de foet gjin SI-ienheid is, is de lingte derfan yn 1958 ynternasjonaal fêstlein middels de inch (jildich sûnt 1 july 1959). Ien inch is eksakt gelyk oan 25,4 mm en der sitte 12 inches yn ien foet. Sa is ien foet 304,8 mm = 0,3048 m. Ien meter is dan dus 1/0,3048 ofwol sa'n 3,28 foet.

De foet wurdt benammen brûkt yn de loftfeart om de fleanhichte mei oan te jaan. Yn de praktyk jildt: 1 foet = 0,3 meter.

De foet wurdt ek in soad yn de skipfeart brûkt om de lingte fan skippen oan te jaan. Ek de maten fan konteners wurde yn foet útdrukt: in lingte fan 20 of 40 foet, by in standert breedte fan 8 foet en in standert hichte fan 8 voet en 6 inch.

Der sitte 3 foet yn in yard en 5280 foet yn in Ingelske myl.

Fjouwerkante foet

Ien fjouwerkante foet (Ingelsk: square foot) is ûngefear 0,0929 m² grut. Yn in kante meter gean der sawat 10,764 ft²

Kubike foet

Ien kubike foet (Ingels: cubic foot) is ûngefear 0,0283 m³. Yn 1 m³ geane ûngefear 35,315 ft³.

De foet yn Fryslân

Yn Fryslân wiene der trije fouten as lingtemaat yn gebrûk[1]:

  • De houtfoet fan 0,296 m;
  • De keningsfoet fan 0,326 m (1/12 diel fan in keningsroede);
  • De skipsfoet fan 0,284 m.

De foet yn Nederlân

De foet kin ien lingtemaat wêze mar ek in oerflaktemaat en hat ôfhinklik fan it plak in ferskillende maat. Ofhinklik fan dat plak wie in tomme ferdield yn 10,11,12 of 13 tommen. De hjir toande wearden binne foarbylden, yn de praktyk hie hast elke stêd of krite syn eigen maat. Yn Nederlân wie de meast brûkte foet de Rynlânske foet.

Frânse foet

De Frânske Keninklike foet gie foarôf oan de offisjele Frânske foet, dizze waard ferfongen troch it metryske systeem yn de 19de ieu. It Frânske wurd foar foet is "pied".

De Frânske keninklike foet, no yn ûnbrûk, hat de folgjende grutte: Ien meter is lyk oan 3 foet en 11,296 streken op de mjitstôk fan Parys. De Frânske Keninklike foet wie sawat 0,324 839 385 meter. De foet fan Quebec (symboal: P) is yn prinsipe lyk oan de Frânske, mar neffens de Kanadeeske wet is de foet gelyk oan 12,789 inches = 1,06575 foet = 0,324 840 6 meter.

Lingtemaat

  • De Amsterdamske foet is 0,283133 m (ûnderferdield yn 11 Amsterdamske tommen)
  • De Bloaiske foet is 0,301 m
  • De ('s Hertogen)boske foet is 0,287 m
  • De Honsbossche en Rypske foet is 0,285 m
  • De Rynlânske foet is 0,3140 m (ûnderferdield yn 12 Rynlânske tommen)
  • De Schouwenske foet is 0,311 m
  • Yn de Kaap de Goede Hoop waard yn de tiid fan de VOC de Rynlânske foet de basis foar de "Kaapse foet" mei 0,314 858 m en 12 Kaapse tommen.

Oerflaktemaat

  • De Rynlânske foet is 0,098596 m².

Noaten

  1. J.H. van Swinden, Vergelijkings-tafels tusschen de Hollandsche lengte-maten en den mètre; met het nodige onderrigt over dezelve maten, Amsterdam 1812, s. 158-168.