Saksetiid: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2443317
L Ieneach fan 'e Esk moved page Saksentiid to Saksetiid: gjin tusken-n yn it Frysk
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 27 okt 2015 om 17.37

Skieringers yn Medemblik freechje hartoch Albrecht om beskerming yn maart 1498 (Julius Scholz (1825-1893)

De Saksentiid wie it tiidrek tusken 1498 oant 1515. Fryslân hie yn dat tiidrek te krijen mei in grut tal Dútske gesachsdragers en hege amtners. It Dútsk waard ynfierd as offisjele bestjoerstaal.

Machthawwers ûnder it Saksysk bewâld wienen:

Skiednis

Yn de 14e en 15e ieu wie Fryslân te proai fallen oan partijtwisten tusken Skieringers en Fetkeapers. Op de ein fan de 15e ieu like it derop dat de Fetkeapers it pleit winne soene mei stipe fan de stêd Grins. De Skieringers stienen mei de rêch tsjin de muorre en keazen doe as potestaat Juw Dekama, dy't lykwols net op eigen krêft Fryslân ûnder kontrôle krije koe. Hy fersiket dêrom yn 1498 oft Albrecht fan Saksen it bestjoer oer nimme wol. In Skieringer ôffurdiging reizget nei Medemblik, dêr't sy yn maart dat jier Albrecht erkenden as 'hear fan Westergoa yn Fryslân', op betinkste dat er nammens it it Ryk beneamd wurde soe as steedhâlder, oars koe der wer ôfsetten wurde; dizze ôfspraak waard bekrêftige by it Ferdrach fan Snits op 30 april 1498[1].

Foar koarte tiid slagge Albrecht deryn de rust yn Fryslân te werstellen. Dêrfoar frege hy lykwols in hege priis. De keizer, Maksimiliaan, dy't foar grutte bedragen by Albrecht yn it kriet stie beneamde him as erflik gubernator en potestaat nammers de Roomske kening fan it Hillige Roomske Ryk. Sadwaande krige hy it bewâld oer de gebieten Eastergoa, Westergoa, Sânwâlden, de Stellingwerven, de Ommelannen, Dithmarschen en Noard-Fryslân (20 july 1498)[2]. Letter waarden dêr noch oan tafoege: East-Fryslân, de stêd Grins en Butjadingen (27 maart 1499)[3].

Albrecht soe der lykwols net yn slagge om syn bewâld yn alle dizze gebieten útoefene te kinnen. Hy krige inkeld it lân westlik fan de Lauwers fêst yn hannen. Dêr set er in nij bestjoersapparaat op poaten mei it Dútske as offisjele taal. Dy feroaring soe in grutte tebeksetter wurde foar de Fryske taal, en der kaam in ein oan it brûken fan it Frysk yn it offisjele ferkear.

Ein

Op 19 maaie 1515 die George fan Saksen ôfstân fan Fryslân. Hy ferkocht it foar de prys fan f. 100.000,-- oan Karel V.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Johan Frieswijk e.a., Fryslân, staat en macht 1450-1650: bijdragen aan het historisch congres te Leeuwarden van 3 tot 5 juni 1998 (Hilfersom 1999) 90. Uitgeverij Verloren.
  2. Frieswijk e.a., Fryslân, 92
  3. Frieswijk e.a., Fryslân, 93


Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.