Ferskil tusken ferzjes fan "J.H.J. van Wageningen thoe Dekema"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
gjin bewurkingsgearfetting
L (Ieneach fan 'e Esk moved page J.H.J.van Wageningen thoe Dekema to J.H.J. van Wageningen thoe Dekema: mist spaasje tusken inisjalen en "van")
L
 
==De ferhâlding mei Piter Jelles Troelstra==
Yn syn tinkskriften skriuwt [[Piter Jelles Troelstra]] ek oer syn besites oan Dekemastate. Piter Jelles en Jan van Wageningen pielden my it [[Frysk]], as jonges wienen se dêr tegearre al mei oan ‘e gong. Oer oare saken koenen se net prate want dan waard it bargebiten. Fan dyDy [[Sosjalisme|sosjalistyske]] opfettingen fan Piter Jelles woe Jan van Wageningen neat fan witte. Jan syn grutte held wie [[Abraham Kuyper]]. Letter is hy in foarman fan de [[Anty-Revolúsjonêre Partij|antyrevolúsjonêren]] yn [[Stiens]] wurden.
 
==De evangelisaasje==
Jelsum wie frijsinnich en Jan van Wageningen wie otterdoks. Doe’t der yn Jelsum hieltyd frijsinniger [[dominy]]s kamen, gie dat Jan te fier. Syn heit en de dominy hienen ek al spul hân oer it [[spiritisme]], dêr’t dominy, op oanrieden fan Jan van Wageningen syn mem mei dwaande wie. <br>
Yn ‘t lêst koe Jan de preken net mear ferneare. Der waard yn Jelsum tocht dat Van Wageningen wol grifformeard wurde soe. Dy stap wie foar Janhim te grut. Yn 1899 rjochte vanVan Wageningen mei meistanders in evangelisaasje op. Se kamen ynearsten gear yn in âlde smidderij. Yn 1901 kaam der in geboutsje klear op Finsterbuorren. Van Wageningen joech de grûn dêrfoar oan de [[evangelisaasje]]. It hat in twaspjalt yn it doarp jûn. Guon fûnen it in streek fan vanVan Wageningen. Wat ek faaks meispile hat dat ds. J. Faber, dy’t yn 1901 yn Jelsum kaam te stean, de earste sosjalistyske dominy yn Fryslân west hat. <br>
De evangelisaasje frege om it [[nachtmiel]] yn 'e tsjerke te hâlden. De tsjerkerie wegere botwei en dat is hiel lang sa bleaun. Doe’t nei de [[Twadde Wrâldkriich]] in petear tusken frijsinnigen en otterdoksen begûn, hat Jelsum him lang ôfsidich holden. Yn ‘t lêst is de evangelisaasje wer in part fan de [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke|herfoarme gemeente]] fan Jelsum wurden.
 
[[Kategory:Jelsum]]
82.761

bewurkings

Navigaasjemenu