Ferskil tusken ferzjes fan "Sûkerei"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
41 bytes grutter ,  6 jier lyn
L
(omstavere 2015)
 
== Skiednis fan de sûkereitylt yn Fryslân ==
De '''Sûkereitylt''' begûn yn [[Fryslân]] yn de [[18e iuw]]. It wie it tiidrek dat kofje hieltyd djoerder waard troch oarloggen en blokades dêroan anneks. Opmerklik is dat de tylt fan kofjesûkerei (''Cichorium intybus var. sativum'') nei de delfal fan [[Napoleon]], dat nei it ferdwinen fan [[Kontinintaal stelsel|hannelsblokkades]], krekt mear opgong makke.
 
De sûkereitylt waard yn Fryslân propagearre troch [[Petrus Adrianus Bergsma|P. A. Bergsma]] en dûmny [[Johannes Henricus Nieuwold|J. H. Nieuwold]] fan [[Wergea]], dy't as earste sûkerei boude enrustere yn Fryslân. Yn 1798 hie Jan Bokma te Ljouwert in sûkereifabryk; it bedriuw hat oant 1963 bestien.
De fabriken kochten de wiete woartels, ferwurken dy yn de iest (drûgerij) en de branderij en ferstjoerden it einprodukt as kofjesurrogaat meast nei [[Ingelân]] en [[Dútslân]].
 
Yn de [[20e]] iuw]] rekke de ferbou yn it delgean, útsein in oplibbing yn de Earste- en Twadde Wrâldkriich. [[Ynterbellum|Tusken de oarloggen]] wie der yn Fryslân noch sa'n 645 ha sûkerei (yn hiel Nederlân 1015 ha) mei in opbringst fan sa'n 25.000 kg woartels; yn 1950 noch 1 ha fral yn de Wâlden (Nederlân 404 ha mei in opbringst fan 40.000 kg).
 
== Soarten ==

Navigaasjemenu