Masedoanje (Aldheid): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
red
L +kat
Rigel 20: Rigel 20:
[[Kategory:Aldheid]]
[[Kategory:Aldheid]]
[[Kategory:Grikelân]]
[[Kategory:Grikelân]]
[[Kategory:Masedoanje]]

De ferzje fan 22 jul 2015 om 18.07

Histoarysk Masedoanje

Masedoanje (Gryksk: Μακεδονία, Makedonía) is in histoaryske lânstreek op it Balkanskiereilân, dat rint fan Noard-Grikelân (Gryksk Masedoanje), Súdwest-Bulgarije, en it lân Masedoanje. Geografysk besjoen wurdt Masedoanje yn it westen begrinze troch it Pindosberchtme en de berchrigen lâns Gryksk-Albanese grins (Jablanitsa, Dasjat), yn it noarden troch it Sjarberchtme en de wetterskieding tusken de Fardar en de Morava, yn it easten troch it Pirinberchtme en yn it suden troch de Olympus en de Egeyske See. Masedoanje beslacht de stroomgebieten fan de Aliakmon, de Fardar en de Strimon.

Faak wurdt it Masedoanje fan eartiids betize mei it Masedoanje fan no, wylst dat twa ferskillende dingen binne. Der is hjoed de dei in gebiet yn it noarden fan Grikelân dat Masedoanje hjit en der is sûnt it útelkoar fallen fan Joegoslaavje in selsstannich lân mei deselde namme, wat al ta problemen mei Grikelân laat hat.
In diel fan de streek dy't op it kaartsje dûnker oanjûn is, waard yn prehistoaryske tiden bewenne troch de Aldmasedoanjers, oer wa har komôf net folle mei wissichheid bekend is. Sels beskôgen se har as Griken, wylst se foar guon Griken as "barbaren" gouwen. De aristokrasy en de keningen út de dynasty fan de Argeaden wienen sûnder mis Gryksk. Oant yn histoaryske tiden bewarre de Masedoanyske mienskip skaaimerken fan de prehistoaryske Grykske stammen: it "feodale" ridderskip en it troch de gearkomste fan striidbere manlju te bekrêftigjen keningskip. Op kultureel mêd bleauwen de Masedoanjers lange tiid ôfsidich fan de oare Griken. Opmerklik is wol dat sommige keningen besochten om ta nauwere bannen mei Grikelânn te kommen.

Yn de 7e ieu f.Kr. stifte Perdikkas yn Masedoanje it keningshûs fan de Argeaden. De earste werklik wichtige foarst wie Aleksander I (498-454 f.Kr.), bynamme de Filhelleen. Dy reorganisearre syn leger en krige it rjocht de Olympyske Spullen by te wenjen, wêrtroch't hy yntinsyf belutsen rekke by de Grykse kultuer. Hy hat ea de dichter Pindarus nei syn hof útnoege en skonk in gouden byld oan de timpel fan Delfy.
Syn opfolger Perdikkas II fan Masedoanje soe sels Sokrates oan syn hof hawwe wold.
De grutste kening út dizze perioade wie sûnder mis Argelaüs I fan Masedoanje, dy't regearde fan 413 f.Kr. ôf en yn 399 f.Kr. fermoarde waard. Hy makke syn leger ta ien fan de bêste út de âlde wrâld, lei wegen oan yn syn lân, en helle keunstners as Euripides en Seuksis nei syn hof. Hy organisearre ek toanielwedstriden ta eare fan Seus en de Muzen en makke fan Pella syn haadstêd.

De machtsútwreiding ûnder Filippus II wie it begjin fan de romrofte perioade fan de Masedoanyske skiednis: de fjildtochten fan syn soan Aleksander de Grutte. Nei dy syn dea waard it oarspronklike Masedoanje in striidpunt ûnder de diadochen Antigonus Monofthalmus, Kassander en Lysimachus, oant him sûnt Antigonus Gonatas in mear stabile dynasty foarme, dy't yn 168 f.Kr. ta fal brocht waard troch de Romeinen. It lân waard yn 4 fazalsteatsjes ferdield en 20 jier letter ta in Romeinse provinsje makke.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: