Jan Schokker: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
→‎Proaza: Nij boek
Rigel 17: Rigel 17:
*[[2011]] : ''De SUC-saak en de bonken fan Brongergea''
*[[2011]] : ''De SUC-saak en de bonken fan Brongergea''
*2011 : ''Djipdún''
*2011 : ''Djipdún''
*[[2012]] : ''Lykspyl''
*[[2012]] : ''Lykspyl''
*[[2015]] : ''Tichtby''


== Keppeling om utens ==
== Keppeling om utens ==

De ferzje fan 19 jul 2015 om 13.33

Jan Schokker (It Oranjewâld, 20 oktober 1952) is in Frysk skriuwer út Jonkerslân.

Biografy

Jan Schokker waard as de helte fan in twilling berne yn de Altenaleane yn It Oranjewâld. As timmermanssoan gie er nei de ambachtsskoalle. Al gau waard er frege om in reklameboerd te meitsjen. Dat wie it begjin fan it bedriuw dat er no hat: in bedriuw yn standbou en belettering.

Skriuwe docht er al hiel lang, doe't er fjirtjin wie, makke er al stikjes foar de jubilieumrevu fan de kuorbalferiening. Yn de rin fan de jierren hat er mear revu's en toanielstikken skreaun, oant no ta hat er in stik of 15 toanielstikken skreaun. Sawol yn it Frysk as it Nederlânsk. Hy skreau ek wol ferhalen, net om út te jaan, mar foar him sels. By it skriuwen fan ferhalen spûke him gauris it idee troch 'e holle om in roman te skriuwen. Hy wist fuortendaliks dat it in plysjeroman wurde moast.

Yn 2008 kaam syn debút dan ek út: De Koalmasaak. It boek kaam út by útjouwerij Elikser fan Jitske Kingma. De haadpersoan yn it boek is resersjeur Ale Alema. Boate Koalma, direkteur fan Koalma Konstruksjes, hat himsels deariden tsjin in beam. It liket in ûngelok, mar as de notaris him yn fertrouwen fertelt dat Koalma koartlyn in frjemd testamint opsteld hat, dûkt Ale Alema der djip yn. Yn begjin 2011 folge de twadde yn de Ale Alema-mystearje, it krige de titel De SUC-saak en de bonken fan Brongergea mei. It boek spilet him, lykas de earste Ale Alema, fral ôf op It Hearrenfean en yn de omlizzende doarpen.

"De SUC-saak" ferwiist nei in spesjale resjersje-ôfdieling dy't ynskeakele wurdt om in binde autodieven op te pakken. It twadde ferhaal giet oer de bonken fan Brongergea, dy't troch in ploechje boufakkers fûn wurdt. Heal novimber 2011 ferskynde de tredde Ale Alema al, it hat de titel Djipdún. It boek giet oer de fermissing fan Anna Buttenveldt van Him; har man ropt de help fan Ale Alema yn, mar letter wurdt dy man deafûn. Mei it finen fan it boek "Dramatysk Djipdún", dat skreaun is troch Anna, begjint in speurtocht dy't djip giet. It boek waard presintearre op 24 novimber 2011 en it earste eksimplaar wie foar de boargemaster fan Opsterlân, Francisca Ravestein.

Ein novimber 2012 kaam it fjirde Ale Alema-mystearje út: Lykspul. Yn dat boek wurdt Alema konfrontearre mei in deade yn 'e klaaikeamer fan it Abe Lenstra stadion, op It Hearrenfean.

Bibliografy

Proaza

  • 2008 : De Koalmasaak
  • 2011 : De SUC-saak en de bonken fan Brongergea
  • 2011 : Djipdún
  • 2012 : Lykspyl
  • 2015 : Tichtby

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: