Jacobus Q. Smink: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
→‎Wurk: Nije dichtbondel
Rigel 49: Rigel 49:
*2009: ''Sondelfal''
*2009: ''Sondelfal''
*2013: ''Adams apel''
*2013: ''Adams apel''
*2015: ''Tongermolke''
[[Ofbyld:Elikser-De Lytse Prins.jpg|thumb|right|180px|De [[Frysk]]e oersetting fan ''[[Le Petit Prince]]'', troch Jacobus Q. Smink.]]
[[Ofbyld:Elikser-De Lytse Prins.jpg|thumb|right|180px|De [[Frysk]]e oersetting fan ''[[Le Petit Prince]]'', troch Jacobus Q. Smink.]]



De ferzje fan 19 jul 2015 om 14.29

Jacobus Q. Smink
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jacobus Quiryn Smink
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 31 jannewaris 1954
berteplak Sondel (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre poëzij, oersettings
bekendste
  wurk(en)
Sondelfal (poëzij)
It Achterhûs (fert.)
De Lytse Prins (fert.)
prizen Gysbert Japicxpriis 2013
jierren aktyf 1983 – no
offisjele webside
www.jimladream.com

Jacobus Quiryn Smink, mear bekend as skriuwersnamme Jacobus Q. Smink (Sondel, 31 jannewaris 1954) is in Nederlânske dichter en oersetter, waans wurk yn it Frysk publisearre wurdt.

Eftergrûn

Smink, soan fan in bekende Fryske hynstefokker, groeide op yn syn berteplak Sondel. Hy studearre Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei ferhuze hy nei it suden fan Nederlân. Sûnt 1983 wennet hy yn Eindhoven, wêr't hy oan in middelbere skoalle Nederlânsk en kommunikaasje dosearret.

Dichter

Al op skoalle skreau Smink songteksten, al wie it doe noch yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk. Neidat hy yn syn stúdzjetiid de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga kennen leard hie, ûntduts hy dat er leaver yn it Frysk skreau. Yn 1972 debutearre hy as Jacob Smink yn it doe krekt oprjochte literêre tydskrift Hjir, mei in koart ferhaal (Hwa wit) en in gedicht (Leaf famke). Yn 1983 joech hy yn eigen behear de gedichtebondel Apàrte fersen út. Twa jier letter ferskynde by de Koperative Utjouwerij de bondel Wurk fan de achtste dei, Sminks earrste "offisjele" bondel.

Yn Sminks wurk, dat bytiden sletten, mar ek wol suggestyf en boartlik is, is in wichtige rôle weilein foar froulju (famkes en dochters). Syn gedichten skaaimerke harren troch in nearne mei klam oanwêzige, mar dochs kleare eroatyske ûndertoan, dy't in bepaalde spanning oanjout. Troch resinsinten waard oer syn wurk ûngelyk tocht. Eppie Dam skreau yn 1994 oer de yn datdelde jier ferskynde bondel Lingerich tekstyl & swarte side: "Alles wat sa karakteristyk is foar syn poëzij sit deryn: kronkeljende ideeën, yntrigearende dwersferbannen, eigensinnige formules, fernuftige neologismen, wanstaltige konstruksjes, steurend gebabbel, irritante kryptokokken. Mar wat der noch by komt: de superieure achteleasheid fan tafallichheden. As hie er noat foar dien en joech de Muze it har beminde yn de sliep." Albertina Soepboer dêrtsjin wie yn 1995 fan betinken:"Smink mist de subtiliteit om echt oer erotyk te skriuwen. Wat hy aan erotyk suggereart, wurdt faak yn de folgjende regel alwer teneate dien".

Oersetter

Smink sette ferskate boeken oer yn it Frysk, wêrûnder It Achterhûs fan Anne Frank, Le Petit Prince fan Antoine de Saint Exupéry, Die Geschichte von Herrn Sommer fan Patrick Süskind en Smoarge Piter fan Heinrich Hoffmann. Ek sette hy Astrid Lindgrens Ronja Rövardotter oer ta Ronja Rôversdochter, dat hy bewurke ta in toanielstik dat yn 2000 en 2001 opfierd waard troch Tryater.

Oare literêre aktiviteiten

Smink is sûnt 1975 redakteur fan Hjir, wêryn't hy ek geregeld publisearret. Boppedat is hy lid fan it bestjoer fan Hispel, de stifting dy't Hjir útjout.

Wurk

Poëzij

  • 1983: Apàrte fersen
  • 1985: Wurk fan de achtste dei
  • 1988: Foar de famkes
  • 1991: Mei beide lippen
  • 1992: Freonskrift
  • 1994: Lingerich tekstyl & swarte side
  • 1995: Minskegedichten
  • 2009: Sondelfal
  • 2013: Adams apel
  • 2015: Tongermolke
De Fryske oersetting fan Le Petit Prince, troch Jacobus Q. Smink.

Oersettingen

Priis

Keppeling om utens

Boarne