Swarte panter: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
L red
L Ieneach fan 'e Esk moved page Panter to Swarte panter over redirect: sa't it no is, doocht it net
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 jul 2015 om 15.05

Swarte jaguar

Mei de term panter wurdt yn de regel elke Aziatyske ûndersoarte fan de loaihoars oantsjut.

Mar panter wurdt faak troch minsken ferkeard brûkt foar oare grutte kateftigen:

  • Loaihoars; de Afrikaanse loaihoarsen (flekke en swart) hearre yn prinsipe gjin panter neamd te wurden.
  • Jaguar; de swarte kleurfarianten wurde foutyf panter neamd.
  • Poema; panter wurdt faak brûkt foar poema's dy't libje yn it súdwesten fan de Feriene Steaten. It is in ferkearde oantsjutting foar in seldsume ûndersoarte fan de poema mei de namme Floridapanter.


Mytology

In fjoerspijende panter yn it wapen fan Stiermarken

In panter is ek in mytologysk rôfdier. Yn dit gefal giet it om in mearkleurige grutte kat dy't, op de draak nei, gjin fijannen hat. Yn de heraldyk wurdt it bist omjûn troch flammen dy't syn swiete rook ferbyldzje moatte.

Bekende panters

In ferneamde swarte panter is Bagheera út Jungle Book.

De rôze panter komt yn de natoer net as fariëteit foar.