Ryn: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
Rigel 25: Rigel 25:
[[Kategory:Lychtenstein]]
[[Kategory:Lychtenstein]]
[[Kategory:Switserlân]]
[[Kategory:Switserlân]]
[[Kategory:Baden-Wúrtemberch]]
[[Kategory:Baden-Wuertemberch]]
[[Kategory:Hessen]]
[[Kategory:Hessen]]
[[Kategory:Noardryn-Westfalen]]
[[Kategory:Noardryn-Westfalen]]

De ferzje fan 3 jun 2015 om 20.57

De Ryn mei it streamgebiet
De rin fan de Ryn, kleurd nei de nammen

De Ryn is in Jeropeeske rivier fan 1.230 km. De rivier begjint yn Switserlân, wurdt dan de grins mei Lychtenstein, dan de grins mei it Eastenryk en dêrnei de grins mei Dútslân. De Ryn giet fierder as de grins tusken Dútslân en Frankryk en dan troch Dútslân fierder oant er yn Nederlân komt. Dêr split de Ryn him yn de Waal, de Isel en de Lek. De Waal en de Lek rinne fierder nei it westen en komme úteinlik út yn de Noardsee; de Isel giet nei it noarden en komt út yn de Iselmar.

Sydrivieren

De Ryn had in streamgebiet fan 185.000 km². Njonken de Ryn sels lizze yn dit gebiet in tal sydrivieren fan de Ryn, mei oaren de Are, de Nekker, de Main, de Mûzel, de Laan, de Siich, de Roer en de Lippe,

Betsjutting

De Ryn en de Donau foarmen it grutste part fan de ynlânske noardgrins fan it Romeinske Ryk. Sûnt dy tiid hat de Ryn altyd wichtich west foar it ferfier fan guod en minsken nei en fan de binnenlannen fan Jeropa. De Ryn hat ek altyd definsive betsjutting hân en de basis west foar regionale en ynternasjonale grinzen. De protte kastielen en prehistoaryske fortifikaasjes oan de rivier tsjûgje fan it grutte belang fan de rivier as wetterwei. Op dy plakken koe it rivierferkear tsjinhâlden wurde, meastal foar it heffen fan tol troch de steat dy't in beskaat stik fan de rivier behearske.

Keppelings om utens

Commons Commons: Ryn – foto, fideo en harktriemmen


Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.