Ulalûm: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
ynfoboks
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Rigel 48: Rigel 48:
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]

{{Link GA|es}}

De ferzje fan 11 mai 2015 om 19.16

Ulalûm
algemiene gegevens
oarspr. titel Ulalume
auteur Edgar Allan Poe
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre lyrysk gedicht
1e publikaasje 1847
bondel The Works of the Late
   Edgar Allan Poe
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Ulalûm
publikaasje 1949, yn De Tsjerne
oersetter Klaes Dykstra

Ulalûm, yn it oarspronklike Ingelsk: Ulalume, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). Krekt as party oare gedichten fan Poe, lykas The Raven en Annabel Lee, giet Ulalume oer it fertriet fan in minner om it ferstjerren fan syn leafste, dy't hjir fan Ulalume hjit. De dichter skreau Ulalume as in stik dat bedoeld wie om foar te dragen, en sadwaande konsintrearre er him benammentlik op 'e klank fan it gedicht. Ulalume, dat bestiet út fiif frij mânske kûpletten fan wikseljende lingte, stiet grôtfol ferwizings, yn it bysûnder nei de mytologyen fan 'e Klassike Aldheid. It gedicht is skreaun yn it ik-perspektyf. Oer de identiteit fan Ulalume, as hja al basearre wie op in wier persoan, is troch de jierren hinne witwat diskusje fierd. It gedicht waard foar it earst publisearre, sij it anonym, yn desimber 1847, yn it tydskrift American Review: A Whig Journal. De Fryske oersetting fan Ulalume, fan Klaes Dykstra, datearret út 1949.

In yllústraasje by it gedicht troch Dante Gabriel Rosetti, út 1847 of 1848.

Ynhâld

Ulalume fynt plak op in nacht yn it "ienlike oktober", mei in grize loft en wylst de blêden ferwylje oan 'e beammen om't it hjerst wurden is. Yn 'e krite Weir, oan 'e wetterkant fan 'e Auber-mar doarmet de nammeleaze ferteller om mei syn "fulkanyske" hert. Hy hat in "earnstich en sober" ûnderhâld mei syn eigen siel, al beseft er net dat it oktober is of wêr't syn omdoarmings him hinne liede. Wylst de nacht opljochtet ta de moarnsdage, oanskôget er de stjerren, wêrby't de helderste syn oandacht lûkt, en hy freget him ôf oft dy wol wit dat de triennen op syn wangen noch altyd net opdroege binne. Syn siel, lykwols, mistrout de stjer en wêr't dy him hinne liedt. Krekt as de ferteller de soargen fan syn siel delbêde hat, komt er ta it besef dat er sûnder erch de tombe fan syn "ferlerne Ulalume" benei kommen is, dy't er op deseldichste nacht persiis in jier lyn begroeven hat.

Fryske oersetting

De Fryske oersetting fan Ulalume ferskynde yn 1949 ûnder de titel Ulalûm, yn it literêr tydskrift De Tsjerne. De fertaling wie fan 'e hân fan taalkundige Klaes Dykstra (1924-1997), dy't bygelyks ek it boek Dit Is it Jier, fan Frederick Feikema Manfred yn it Frysk oersette.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Poe, Edgar Allan, Ulalûm (oers. Klaes Dykstra), yn: De Tsjerne, jiergong 10 (1949), s. 318.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.