Aleksander de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Rigel 36: Rigel 36:
[[Kategory:Aldgryksk generaal]]
[[Kategory:Aldgryksk generaal]]
[[Kategory:Klassike Aldheid]]
[[Kategory:Klassike Aldheid]]
{{Link GA|de}}
{{Link GA|en}}
{{Link GA|es}}
{{Link GA|fr}}
{{Link GA|no}}

De ferzje fan 11 mai 2015 om 13.35

Mozayk fan Aleksander de Grutte.

Aleksander de Grutte, ek wol Aleksander fan Masedoanje of Aleksander III (Gryksk: Μέγας 'Aλέξανδρος, "Megas Aleksandros"; 356 - 323) wie de kening fan it Hellinistyske Ryk, dy't dat ryk ta it grutste ryk oan de Midlânske See makke.

Jeugd

Aleksander waard berne yn Pella, yn it noarden fan it hjoeddeiske Grikelân, as soan fan de kening fan Masedoanje Filippus II en prinses Olympias. As jongfeint is Aleksander in goed hynsterider en kriget hy les fan de wiisgear Aristoteles.

Al op syn 18de joech er lieding oan in legerûnderdiel yn de Slach by Kaeronea (338 f.K.) Yn dizze slach waarden de losse stêdsteaten fan Grikelân ferslein en kaam hiel Grikelân ûnder it bewâld fan syn heit Filippus de Twadde.

Fjildslaggen yn Perzje

Nei de moard op Filippus II yn 336 f. Kr. werstelde Aleksander de oarder yn it lân en rette him ta om it machtichste lân fan de doetiidske wrâld, Perzje, te bemasterjen, wat doe de notiidske lannen Irak, Iran, Syrje en Turkije omfieme. Der folgen in tal slaggen dy't der ta eintsjebeslút foar soargen dat Aleksander de skepter oer Perzjë swaaide:

By de Slach by Gaugamela waard it leger fan kening Darius III fan de Perzen foar de tredde kear ferneatige. Hoewol't Darius noch ûntkomme koe waard er letter troch ien fan syn eigen generaals fermoarde.

Oare fjildslaggen

Noch foar de Slach by Gaugamela naam Aleksander Egypte yn en liet himsels ta Farao beneame. Nei in fisioen lit er de earste plannen meitsje foar de bou fan de earste fan 30 stêden dy't nei him ferneamd wurde sille: Aleksandrje.

De ynwenners fan de stêdsteat Tyros waanden harren feilich op it festingseilant dêr't hja wennen. Aleksander hie krekt syn float fuortdien, mar liet sjen út hokfoar hout at er snien wie. Hy liet in daam fan 800 meter troch de Midlânske See oanlizze en op brute wize waard Tyrus opnaam yn it alsmar grutter wurdende Hellinistyske Ryk. De ynwenners wurde deaslein of ferkocht as slaaf. De hiele operaasje duorret sa'n sân moanne en dat wie de ûngeduldige Aleksander net nei it sin.

Letter waarden de stêden Babylon, Persepolis, Susan, Herat en Samarkand ynnaam, lykas de gebieten Meedje en Skytje. De Yndiaaske kening Porus fan Punjab waard ferslein mar troch de moannelange rein woenen de soldaten net fjirder mei de segetocht en úteinlik loek Aleksander mei syn leger werom nei it westen.

Dea

Kaart fan it ryk fan Aleksander de Grutte by syn ferstjerren yn 323 f. Kr.. (Klik op de kaart foar in grutter eksimplaar.)

Yn 323 ferstoar Aleksander yn it paleis fan Nebukadnezar II yn Babylon. De reden fan ferstjerren is net rjocht dúdlik. Faaks waard er mei sin fergiftige troch in komplot fan syn eigen generaals. Feit wie dat syn lichem ferswakt wie troch ûnder oaren in swiere ferwûning yn syn boarst fan in pylk, oprûn yn Yndia. In nijere teory jout as mûglike grûn foar it ferstjerren fan Aleksander it ferkeard brûken fan in medisyn troch syn doktors. Yn stee fan fertuten die in oerdoasis fan it yn it Wrangkrûd deadlik wurk yn it ferswakte liif fan de kening.

Fan Aleksander syn plannen om Araabje en Kartago oan te fallen kaam neat mear. Nei syn dea foel it grutte ryk hurd útinoar.

Keppeling om utens