Muskusrôt: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: en:Muskrat is een goed artikel
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Rigel 206: Rigel 206:
[[Kategory:Kjifdier]]
[[Kategory:Kjifdier]]
[[Kategory:Wrotmûseftige]]
[[Kategory:Wrotmûseftige]]

{{Link FA|ca}}
{{Link FA|de}}
{{Link GA|en}}
{{Link GA|en}}

De ferzje fan 11 mai 2015 om 02.31

Berjocht:Soarte útwreide

Fersprieding fan 'e muskusrôt (read = lânseigen; grien = eksoat).

De muskusrôt of bisamrôt (Latynske namme: Ondatra zibethicus), by túltsjes ek wol wetterknyn neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dat binnen de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae) de monotypyske (út ien soarte besteande) tûke fan 'e muskusrotten (Ondatrini) en it krektlyk monotypyske skaai fan 'e muskusrotten (Ondatra) foarmet. De muskusrôt is lânseigen yn Noard-Amearika, mar komt as eksoat ek foar yn grutte dielen fan Jeropa (Nederlân ynbegrepen), noardlik Aazje en op guon plakken yn Súd-Amearika. Hy wurdt bejage om syn pels en om syn fleis, en yn Noardwest-Jeropa ek om't er dêr as skealik ûngedierte beskôge wurdt. De muskusrôt is de grutste fan 'e 142 soarten wrotmûzen (Arvicolinae), en wurdt in "rôt" neamd om't er in middelgrut kjifdier is, mar hy is gjin echte rôt. Muskusrotten wurde ek holden troch de minske, as ûnderdiel fan 'e pelsdierfokkerij; muskusrottepelzen wurde op 'e merk brocht ûnder de namme "bisam".

Etymology

Hoewol't de muskusrôt muskusklieren hat dy't de muskus produsearje wêrmei't it bist syn territoarium ôfset, hat de muskusrôt net méár mei muskus te krijen as oar wrotmûzen. Syn namme is dan ek in oersetting fan it Ingelske muskrat, wat in folksetymology is dy't fuortkomt út it wurd muscascus, út 'e Algonkwynske taal fan 'e Algonkin-Yndianen fan súdeastlik Kanada. Muscascus betsjut letterlik "it is read", wat op 'e readbrunige pels fan 'e muskusrôt slacht.

In muskusrôt op 'e sneup nei fretten.

Fersprieding

Algemien foarkommen

De muskusrôt is lânseigen yn it grutste part fan Noard-Amearika, útsein allinnich it Arktyske noarden fan Kanada en Alaska en dielen fan it súdwesten (súdlik Kalifornje, súdwestlik Arizona en dielen fan Teksas en Louisiana). Yn Floarida, dêr't syn ekologyske nys ferfolle wurdt troch de Floaridawetterrôt (Neofiber alleni), ûntbrekt er ek. Hy komt wol foar yn in lyts noardlik hoekje fan Meksiko.

As pelsdier en foar de jacht waarden muskusrotten oan 'e ein fan 'e njoggentjinde ieu yn Jeropa yntrodusearre, dêr't de soarte him sûnt rûnom ferspraat hat. Yn 1905 waarden yn Bohemen ferskate eksimplaren yn it wyld útset, en letter ûntsnapten hjir en dêr noch guon út pelsdierfokkerijen, lykas yn Flaanderen, yn 1928. Dêrtroch wist de soarte him yn Jeropa fluch út te wreidzjen. Yn 1919 berikte er Finlân, yn 1930 Grut-Brittanje en yn 1950 Sweden. Tsjintwurdich ûntbrekt de muskusrôt yn Jeropa allinne mar yn Súd-Jeropa, Ierlân en it grutste part fan Skandinaavje, dat er nea berikt hat, wylst er yn Grut-Brittanje en Sweden nei syn yntroduksje wer útroege is. Yn Aazje komme muskusrotten foar yn grutte dielen fan westlik, súdlik en eastlik Sibearje en fierders yn noardlik Kazachstan, Mantsjoerije, Koreä en dielen fan Mongoalje. Underwilens hawwe se har ek ferspraat nei beskate kriten fan Argentynje en Sily.

In muskusrôt oan it miel.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân

Yn Nederlân komt de muskusrôt foar sûnt 1946, doe't er fanút Belgje de grins oerstiek. Dy kolonisaasje waard fuortsterke doe't er fan 'e sechstiger jierren ôf ek út Dútslân wei de grins oer kaam. Tsjintwurdich komme muskusrotten yn Nederlân, en ek yn Fryslân, rûnom foar. Allinnich de sitewaasje op 'e Waadeilannen is net alhiel dúdlik; yn 1988 waarden noch inkeld op Skylge en it Amelân muskusrotten oantroffen. Yn Fryslân wurde de bisten fûleindich bestriden om't se troch harren gegraaf de diken ûndermynje.

Uterlike skaaimerken

De muskusrôt is it grutste lid fan 'e ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), dy't 142 soarten telt, en teffens de grutste wrotmûseftige yn Jeropa. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 25-35 sm, mei in sturtlingte fan 18-27 sm en in gewicht fan 0,6-1,8 kg (wêrmei't er rûchwei fjouwer kear sa swier is as de brune rôt). Muskusrotten binne lykwols folle lytser as bevers, dêr't se faak har habitat mei diele. In muskusrôt is daliks werom te kennen oan syn sydlings ôfplatte, ieleftige sturt, dy't allinne oan 'e rânen behierre is en en wêrfan't de lingte 70-80% fan 'e kop-romplingte bedraacht, wat mear is as by hokker oare wrotmûzesoarte ek.

In muskusrôt swimmend yn 'e rivier de Rideau, by Ottawa.

De rêchkleur fan muskusrotten fariëarret fan gielbrún fia readbrunich oant brúnswart. Yn Noard-Nederlân binne se ornaris wat ljochter, mar eksimplaren dy't ôfkomstich binne út Belgje kinne suver swart wêze. Op 'e fangen en ûnder de bealch binne muskusrotten folle ljochter fan kleur. Se hawwe grutte boarstelhierren op 'e efterpoaten en tige behindige swimfluezzen, dy't inkeld sichtber binne as de teannen oan 'e efterpoat wiid útspraat wurde. De wangen en de snút binne ljochter fan kleur as de rest fan 'e kop. De lytse rûnige earen sitte frijwol ferskûle yn 'e pels, en binne foarsjoen fan in lyts klepke dat ûnder it dûken de gehoargong ôfslút.

Biotoop

Muskusrotten komme foar oan 'e iggen fan fivers, puollen, marren, beken, rivieren, sleatten, fearten en kanalen. Se libje ek in protte yn moerassen en sompen, en kinne goed oer brak wetter. Se jouwe de foarkar oan stadich streamend wetter.

Hâlden en dragen

De muskusrôt is benammentlik aktyf oan 'e ein fan 'e middei en op betide jûn, mar soms ek nachts en moarns ier. Yn rêstige gebieten dêr't er gjin of net in protte natuerlike fijannen hat, weaget er him ek wolris midden op 'e dei bûten. Muskusrotten binne fûleindige gravers, dy't simmerdeis hoalen grave yn wâlen en diken mei de haadyngong ûnder wetter, yn 'e regel op in djipte fan 25 sm. As it wetter helder is, kin sa'n yngong werom kend wurde oan 'e sân- of drekwaaier op 'e boaiem derfoar, dy't bestiet út fuortgroeven grûn. In muskusrottehoale bestiet út ien of mear skean omheech rinnende gongen, wêrby't de nêst- en foarrieromten boppe de wetterspegel lizze.

In muskusrottenêst.

By 't winter, of as der gjin gaadlike plakken binne om sa'n hoale te graven, lizze muskusrotten yn it wetter in koepelnêst fan plantaardich materiaal oan, wêrfan't de boppekant boppe it wetter útstekt. De yngong sit ek by sokke nêsten ek wer ûnder wetter. Yn gebieten dêr't ek bevers foarkomme, "kreakje" muskusrotten faak wenromte yn in beverboarch om te oerwinterjen, sa't te sjen wie yn 'e ferneamde dokumintêrerige The Life of Mammals, fan 'e Britske natoerfilmer sir David Attenborough.

Behalven goede gravers binne muskusrotten en treflike swimmers en dûkers. Se kinne wol in kertier ûnder wetter bliuwe en yn dy tiid fier fuort swimme. By it swimmen brûke se sawol de efterpoaten as de sturt. Yn perioaden fan droechte bejouwe se har lykwols ek wol hiele einen fan it wetter ôf. It binne ornaris skouwe bisten, dy't by fersteuring mei in opmerklike dûksprong it wetter yn batse om dan mei-iens in hiel hoart net mear boppe te kommen.

Muskusrottemantsjes hawwe in territoarium fan 1.000-5.000 m², mei útsjitters nei wol 12.000 m². De territoaria fan wyfkes binne wat behindiger. Yn 'e regel libje muskusrotten yn groepen fan in mantsje en in wyfke mei harren jongen. By 't maityd wurdt der gauris mei frjemde muskusrotten fochten om territoarium en partners. Sokke gefjochten geane faak oan 'e dea ta.

De peartiid rint by muskusrotten fan maart oant septimber, en yn dy perioade kin der 2-3 kear jiers nei in draachtiid fan 4-5 wiken in nêst fan 3-8 (oant yn ekstreme gefallen wol 14) jongen smiten wurde. Mei 3 wiken ferlitte dy it nêst om op 'e rêch fan har mem mei te liftsjen troch it wetter. Geandewei de simmer nimt de populaasjetichtheid fan muskusrotten altyd ta, mei't de jongen fan 'e earste smeet, út 'e maityd, oant yn 'e hjerst yn it territoarium fan 'e âlden omhingjen bliuwe. Yn it súdlike, waarmere diel fan har ferspriedingsgebiet binne muskusrotten mei in healjier folwoeksen; yn noardere, kâldere kontreien duorret dat likernôch in jier. Folwoeksen mantsjes tsjogge der fral yn it foarjier op út om in eigen territoarium te sykjen. Troch har flugge fuortplanting komme der geregeldwei befolkingseksploazjes foar, dy't dan wer folge wurde troch grutte stjerte fanwegen oerbefolking. Yn syn lânseigen ferspriedingsgebiet liket de muskusrôt eltse seis oant tsien jier troch sa'n syklus te gean.

Wat predaasje oanbelanget, foarmje muskusrotten yn Jeropa proaidieren foar withoefolle oare bisten, wêrûnder de Amerikaanske nerts, de foks en beskate gruttere soarten ûlen en hauken. Jonge eksimplaren rinne ek gefaar fan otters en grutte fisken, lykas de snoek. Yn har natuerlike ferspriedingsgebiet yn Noard-Amearika wurdt der ek jacht op har makke troch kojoates, wolven, lynksen, bearen, earnen, slangen, alligators en bytskylpodden.

In jas makke fan muskusrottepelzen.

Fretten

Muskusrotten frette alderhanne wetterplanten, gerzen, woartels en lânbougewaaksen. Soms folje se har fegetaryske dieet oan mei slakken, kreefteftigen en fisk. Fan plantaardich materiaal ite se fral it ûnderste part fan 'e stâle; de rest wurdt efterlitten en kin faak omdriuwend op it wetter oantroffen wurde.

Status

De muskusrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er sawol yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet as dêrbûten noch rûnom foarkomt. De Yndiaanske folken fan Noard-Amearika beskôgje muskusrotten al withoelang as wichtige bisten. Sa kinne guon lju foarsizze wannear't de earste snie falle sil troch yn 'e rekken te hâlden wannear't muskusrotten har nêst begjinne te bouwen en hoe hastich oft se dêrmei binne. Yn ferskate Yndiaanske skeppingsmyten is it fierders de muskusrôt dy't nei de boaiem fan 'e oersee dûkt en de drek nei it oerflak bringt dêr't de Ierde fan skepen wurdt, faak nei't ferskate oare bisten dy taak net oprêde koene.

Muskusrotten binne yn Noard-Amearika al withoelang in wichtige boarne fan fleis, net inkeld foar Yndianen, mar ek foar blanken. Yn súdeastlik Michigan hawwe roomsen (dy't op freed gjin fleis mar wol fisk ite meie) al sûnt de iere njoggentjinde ieu tastimming om dan muskusrôt te iten (mei't neffens de Roomsk-Katolike Tsjerke blykber alles dat yn it wetter libbet in fisk wêze moat). Yn Jeropa stiet de Belgyske koken derom bekend dat "wetterknyn" der as delikatesse beskôge wurdt, al waarden muskusrotten yn Fryslân (benammen yn 'e Wâlden) foarhinne ek wol iten.

Teffens wurdt de muskusrôt noch altyd bejage en holden om syn pels. Sa wurde de wintermûtsen fan 'e Kanadeeske plysje RCMP (bekend fan 'e reade unifoarmjaskes) noch altyd makke fan muskusrottebûnt, in praktyk dy't yn Kanada fûleindige wjerstân ûnderfynt fan in ferskaat oan bistebeskermingsorganisaasjes, lykas de Association for the Protection of Fur-Bearing Animals. Yn 'e Feriene Steaten waard muskusrottebûnt yn it ferline ferkocht as "hudsonseehûnebûnt", wat doedestiden better yn it gehoar lei, mar tsjintwurdich al lang net mear.

In muskusrottefal yn Gelderlân.

Yn Nederlân, Belgje en Dútslân wurdt de muskusrôt beskôge as skealik ûngedierte, mei't er troch syn gegraaf de diken ûnderminet, wat yn gefal fan stoarmfloeden foar nuodlike sitewaasjes soargje kin. Sadwaande wurdt it bist hjir bejage, wat fral bart mei fallen en klammen. Yn Nederlân waarden yn 2013 foar it earst sûnt 1973 minder as 100.000 muskusrotten fongen. Yn Fryslân is de bestriding fan muskusrotten in ferantwurdlikheid fan it Wetterskip Fryslân.

Tal fongen muskusrotten de provinsje
Provinsje 1987 2003 2006 2007 2008 2009
Drinte 9.473 12.876 7.046 6.108 6.323 7.107
Flevolân 15.054 4.372 4.332 3.712 3.479 2.863
Fryslân 42.448 34.174 26.779 28.036 28.107 24.016
Gelderlân 32.186 51.575 13.205 13.541 12.544 9.584
Grinslân 15.431 48.068 25.319 25.382 22.448 24.245
Limburch 9.045 6.011 1.983 2.096 2.042 1.707
Noard-Brabân 30.563 4.189 4.290 3.832 3.473 4.292
Noard-Hollân 984 3.365 5.765 3.922 2.681 2.156
Oerisel 14.555 27.383 29.110 29.297 27.575 23.999
Seelân 17.111 26.004 5.105 4.925 4.666 5.581
Súd-Hollân 44.943 122.794 50.818 40.786 28.508 23.374
Utert 55.350 58.348 71.004 72.053 45.902 25.752
Nederlân (totaal) 287.097 399.159 244.756 233.690 187.748 155.081

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Berjocht:Link GA