Samoerai: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Rigel 114: Rigel 114:
[[Kategory:Japan]]
[[Kategory:Japan]]
[[Kategory:Samûrai| ]]
[[Kategory:Samûrai| ]]

{{Link FA|ca}}
{{Link FA|el}}
{{Link FA|es}}
{{Link FA|ms}}
{{Link GA|de}}
{{Link GA|de}}

De ferzje fan 11 mai 2015 om 02.48

Bepantsere Japanske samûrai mei tachy (1860)
Harnaste samûrai mei swurd en dolk. Makke troch de Britske fotograaf Felice Beato yn Japan begjin jierren 1860.
Samoeraibepânsering út it Kofuntiidrek.

Samûrai (侍 of ek wol 士) is de term dêr't yn it eardere Japan oarnaris in lid fan krigersklasse mei oantsjutten waard. De besjutting fan it wurd is Hy dy't tsjinnet. Fan de 12e iuw oant de lette 19e iuw wiene de Samûrai de wapene troepen fan Japan.

Skiednis

De samûraiklasse is ûntstien ûnder de Heianperioade, mar dêrfoar binne ek al spoaren fan harren te finen. De samûraiklasse soe ûnder oare ynfierd wurde ûnder de taika-herfoarming troch keizer Tenji.

Yn it iere Heiantiidrek hawwe inkele aadlike famyljes, wêrûnder de Fujiwara spesjale troepen oprjochte om harren machtsposysjes feilich te stellen. Ek waarden dy troepen troch keizer Kammu ynsetten om it lân helpen by it ferienigjen en opstannen del te slaan. Dy samûraikrigers omskreaune harsels as folgers fan it paad fan de kriich, oftewol de Bushido. Wat ynhâlde dat it swurd de siel fan in samûrai wie. In samûrai moast dat altyd by him drage as syn foarnaamste wapen. It moast mei respekt behandele wurde. In swurd kwytreitsje waard as in skande beskôge en der hawwe guons west dy't dêrfoar seppuku (ek wol bekend as harakiry, 切腹) plige. It goed mei it swurd omgean kinne, hiet ken-jutsu. Mei jiu-jiutsu en oare feardichheden is ken-jitsu ûnderdiel fan budo, de Japanske kriichskeunsten.

De samûrai yn eardere tiden wienen net allinnich bedreaun yn it fjochtsjen mei wapens lykas it swurd, mar hja bekwamen har ek yn selsferdigening sûnder gebrûk fan wapens, lykas it jiujitsu. In samûrai moast himsels ek sûnder wapens rêde kinne. Ek kalligrafy en ikebana, it blomskikken wiene feardichheden dy't sy behearskje moasten.

Yn de rin fan de tiid waarden de samûrai troch bannen mei aadlike famyljes en it keizerlik hof machtich genôch om sels in oerheid te foarmjen. De macht fan regionale klens naam ûnder harren tafersjoch ta. Nei de Gempei-oarloch waard Minamoto no Yoritomo de earste Shogun fan Japan en fan dat stuit ôf wienen de befelhawwers yn it lân samûrai. Yn 1192 rjochte Seii Taishogun it Kamakura-shogunaat op.

Fan in samûrai waard ferwachte dat er op de hichte wie fan de kultuer en skriuwe koe. Ferskate samûraiklens hawwe tsjin elkoar fochten ûnder it tiidrek fan it Kamakura- en Ashikaga-shogunaat. Yn de 13e iuw kaam it Zen-boedisme yn swang ûnder de samûrai, en ûnder ynfloed dêrtroch ûntstie de samûrai-eigenskip gjin eangst te hawwen foar de dea of it deadzjen fan tsjinstanners. De samûrai út dy tiid stienen bekend as de elite-krigers fan Japan. Twaris slagge sy dêryn, mei help troch inkele natoereleminten as in tyfoan en tongerbuien, in Mongoalske ynvaazje ôf te slaan, nettsjinsteande dat sy mei folle minder wienen as harren tsjinstanner.

Yn de 15e en 16e iuw naam it tal kriichstechniken fan de samûrai bot ta. Sa waard in foar fan ynfantery ynfierd, neamd ashigaru. De komst fan Jeropeanen nei Japan soarge foar de yntroduksje fan nije wapens as de haakbus.

Under it Tokugawa-shogunaat hawwe de samûrai stadichoan harren militêre funksje ferlern. Op de ein fan dat tiidrek wiene de de samûrai in soarte fan amtners wurden, dêr't harren swurden inkeld noch in seremoanjele funksjes ferfolden.

By de herfoarmingen fan de Meiji-restauraasje oan de ein fan de 19e iuw, waard de klasse fan samûrai ôfskaft en in nij leger oprjochte nei westersk foarbyld. It dragen fan in samûrai-swurd of katana waard doe ferbean. Net alle samûrai leine harren dêr samar by del, wat late ta in tal wapene opstannen tsjin de nije oerheid; de grutste wie de Satsuma-opstân.

Myten en geroften

Mei troch de ferhalen fan guons út it westen oer de samûrai, is yn de de wersterske wrâld faak in fertekene byld ûntstien fan de samûrai. Hoewol't in soad samûrai yndied bûn wiene oan in earekoade, hawwe der genôch samûrai west dy't net sa loyaal wienen as de ferhalen ús leauwe litte wolle. In foarbyld dêrfan is Akechi Mitsuhide.[1]

Ferneamde samûrai

   

Samûrai yn media

Foar in protte film- en tillevyzjemakkers hawwe de samûrai as ynspiraasjeboarne tsjinne. Films oer samûrai of basearre op de samûraikultuer binne:

Histoarysk

Troch Akira Kurosawa

  • The Seven Samurai
  • The Hidden Fortress
  • Ran
  • Kagemusha
  • Yojimbo
  • Sanjuro
  • Furin Kazan

Oare films

  • Samurai Trilogy- mei Toshirō Mifune
  • Shogun
  • Twilight Samurai
  • When the Last Sword Is Drawn
  • Lone Wolf and Cub
  • The Sword of Doom
  • Aragami
  • Samurai Fictio]
  • The Last Samurai
  • 47 Ronin
  • Ninja Scroll (Anime)
  • The Hidden Blade

Ynspirearre op samûrai

Sjoch ek

Keppeling om utens


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Mark Ravina, The Last Samurai — The Life and Battles of Saigō Takamori, John Wiley & Sons, 2004.

Berjocht:Link GA