Romtefeart: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L redke, heite
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Rigel 20: Rigel 20:


[[Kategory:Romtefeart]]
[[Kategory:Romtefeart]]

{{Link FA|sr}}

De ferzje fan 10 mai 2015 om 21.45

In fuotprint op de moanne
Spoetnik 1

Romtefeart is it totaal fan alle minsklike aktiviteit bûten de dampkring fan de Ierde.

Ferhalen oer minsken dy't de ierde ferlitte, en mei namme nei de Moanne reizgje, binne al hiel âld. Net it âldste, mar faaks it ferneamdste ferhaal is Reis nei de Moanne fan Jules Verne, dêr't er presys yn seit hoe't in romtefartúch troch in kanon ôfsketten brûkt wurde kin foar in tocht nei de moanne.

Op 3 oktober 1942 waard in A4-raket, as earste ding makke troch de minkse, de romte yn sketten, wylst as earste skepsels op 9 july 1946 fruitmiggen en maissied yn Amearika yn in V-2 de romte yn sketten waarden.

De keunstmoanne Spoetnik 1 út de Sowjetuny wie op 4 oktober 1957 it earste ding dat troch de minsk yn in baan om de ierde brocht waard. Yn Spoetnik 2 kaam it hûntsje Laika 3 novimber 1957 as earste skepsel yn in baan om de ierde. Op 12 april 1961 wie Joeri Gagarin de earste minske yn de romte.

Nei dy flechten om de ierde kamen de tochten nei de Moanne. Op 14 septimber 1959 berikke de Luna 2 út de Sovjetuny as earste de Moanne. Mar earst op 21 july 1969 sette de Amearikaan Neil Armstrong as earste minske foet op de Moanne.

Nei dy ûntwikkelings kaam de klam mear te lizzen op oan de iene kant romteferkenners, ûnbemanne raketten dy't nei oare planeten stjoerd wurde en foto's en oare ynformaasje weromstjoere nei de Ierde, en oan de oare kant romtefearen, werbrûkbere romteskippen dy't brûkt wurde foar eksperiminten bûten de dampkring en foar ûnderhâld oan keunstmoannen.

Sjoch ek