Béatrys: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
ynfoboks, boarnen
Rigel 1: Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding = Verluchte initiaal aan het begin van de Beatrijs-handschrift.jpg
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte = 200px
| titel = ''Béatrys''
| oarspr. titel = ''Beatrijs''
| auteur = anonimus
| taal = [[Midnederlânsk]]
| foarm = [[poëzij]]
| sjenre = [[epos]]
| skreaun = 2e helte [[13e ieu]]
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
| oarspr. útjouwer =
| rige =
| foarich diel =
| folgjend diel =
| bondel =
| prizen =
| ISBN =
| Fryske titel = ''Béatrys''
| publikaasje = [[1993]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]
| útjouwer = [[Utjouwerij Frysk en Frij]] y.g.m. [[Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân|ELF]]
| oersetter = [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]]
| prizen oers. =
| ISBN oers. = 9 07 35 54 071
}}
'''Béatrys''' ([[Nederlânsk]]: ''Beatrijs'') is de algemiene namme foar in [[Marialeginde]] dy't nei alle gedachten yn de 2e helte fan [[13e ieu]] yn it [[Middelnederlânsk]] op rym setten is.
'''Béatrys''' ([[Nederlânsk]]: ''Beatrijs'') is de algemiene namme foar in [[Marialeginde]] dy't nei alle gedachten yn de 2e helte fan [[13e ieu]] yn it [[Middelnederlânsk]] op rym setten is.


Rigel 17: Rigel 44:


== Keppeling om utens ==
== Keppeling om utens ==
* [http://www.elfelf.nl/BEATRYS.pdf] - It folsleine epos yn de oersetting fan Bruinsma op www.elfelf.nl (pdf-triem).
* [http://www.elfelf.nl/BEATRYS.pdf It folsleine epos yn de oersetting fan Bruinsma op www.elfelf.nl (pdf-triem)]


{{boarnen|boarnefernijing=
[[Kategory:Kristlike literatuer|Beatrys]]
*{{Aut|Anonimus}}, ''Béatrys'' (oers. Klaas Bruinsma), Ljouwert, 1993 (Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN 9 07 35 54 071.
[[Kategory:Midsieuske literatuer|Beatrys]]
----
[[Kategory:Midnederlânske literatuer|Beatrys]]
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Beatrijs ''Notes'' en ''References'', op dizze side].
[[Kategory:Fryske oersetting|Beatrys]]
}}

{{DEFAULTSORT:Beatrys}}
[[Kategory:Poëzy]]
[[Kategory:Epos]]
[[Kategory:Kristlike literatuer]]
[[Kategory:Midsieuske literatuer]]
[[Kategory:Midnederlânske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]

De ferzje fan 6 mai 2015 om 10.40

Béatrys
algemiene gegevens
oarspr. titel Beatrijs
auteur anonimus
taal Midnederlânsk
foarm poëzij
sjenre epos
skreaun 2e helte 13e ieu
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Béatrys
publikaasje 1993, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. ELF
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. 9 07 35 54 071

Béatrys (Nederlânsk: Beatrijs) is de algemiene namme foar in Marialeginde dy't nei alle gedachten yn de 2e helte fan 13e ieu yn it Middelnederlânsk op rym setten is.

Leginde

De Béatrys is in foarbyld fan in literêr gedicht op grûn fan in kristlike leginde. Deselde leginde is ek yn oare Westeuropeeske talen oerlevere (AT 770). De âldste ferzjes dy't bekend binne, binne dy fan Caesarius fan Heisterbach, út de earste helte fan de 13e ieu.

Hânskrift

Wat de titel is fan de Middelnederlânske beriming, en sels óf dy ferzje in titel hie, is ûnbekend. Ek de skriuwer is net bekend. It hânskrift wêryn de Béatrys oerlevere is, stamt út likernôch 1374 en wurdt bewarre yn de Keninklike Bibleteek fan Nederlân.

Ferhaal

De Béatrys fertelt it ferhaal fan in jonge non dy't as kosteres yn in kleaster wurket. Ut leafde foar in jongfeint ferlit se it kleaster en krijt mei him twa bern. Nei sân jier, as it jild op is, ferlit de man har. Béatrys sjocht har dan needsake om te huorkjen om oan'e kost te kommen wat se op'e nij sân jier folhâldt. Se bleau al dy tiid yn har bea op Maria betrouwen. As se nei krekt 14 jier werom giet nei de kontreien fan it kleaster, heart se ferheard op dat nimmen har ôfwêzigens opmurken hat. Yn trije fisioenen fernimt se dat Maria al dy tiid har plak ynnommen hat en wurdt se oantrune har wurk yn it kleaster wer op te pakken. Dat docht se, en alles komt wer te plak, al binne der dingen dy't de kosteres nimmen fertelle kin. Dan komt der in abt nei it kleaster dy't har oertsjûget te bychtsjen wat se dien hat wylst Maria har plak ynnaam.

Twa skriuwers

Der is in teory dat de beriming dy't bewarre bleaun is troch twa skriuwers skreaun is. De earste skriuwer hat dan it ferhaal fan it wûnder skreaun; yn it hânskrift is dat fan it begjin oant en mei rigel 919. Dit is it ferhaal sa't it ek yn de ferzje fan Caesarius fan Heisterbach foarkomt. De twadde skriuwer hat der neffens dy teory it stik oer de bycht by skreaun, fan wêr't de abt nei it kleaster komt, rigel 920 oant de ein. Dat part hat Caesarius fan Heisterbach net, en it soe der by skreaun wêze om reklame te meitsje foar de bycht.

Fryske ferzje

Béatrys ferskynde yn 1993 yn in Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma by Utjouwerij Frysk en Frij en Elektroanyske Letteren Fryslân te Ljouwert.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Anonimus, Béatrys (oers. Klaas Bruinsma), Ljouwert, 1993 (Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN 9 07 35 54 071.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.